Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As Imke de Jong op'e merk kom, dan hied er hoepen by him. Dêr gûchele er hwat met om en dan wie 't in ketting. In skoftsje letter wienen 't wer ringen.
nl.verhalenbank.21653
Soms sieten de bargen ûnder de kweade minsken. Dan wienen se bitsjoend. Men moest goed oppasse hwa't men by de bargen liet. Net elkenien wie dêrby fortroud.
Wienen de bargen bitsjoend, dan tarden se út. Dan joech it fretten har neat mear.
Men moest in pûde mei duveldrek foar de trôch hingje, dat holp. Meastal wie de tsjoenster fan 'e bargen in man. Soms...
nl.verhalenbank.30088
Alde Tet hâldde der popkes op nei. As se dêr yn pripke mei in nuddel wienen der guon dy't pine krigen.
Abe Nauta syn frou is troch Alle Tet deatsjoend.
Sy hellen dranken foar har fan Greate Wopke fan Kûkherne.
As Tet dy drank seach gong er stikken.
Wopke sei elke kear: "Bergje dy drank goed op."
As se mei de drank thús kommen siet der al in greate kat op...
nl.verhalenbank.29346
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom."
Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf."
Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke.
Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Myn healbeppe hat ris trije grouwe katten mei de tange slein. Meiiens gong de lampe út en ús beppe raesde it út fan 'e pine.
Mem woarde doe nei de duvelbander tastjûrd. Sy nom beppe har wetter mei. De duvelbander joech har in fleske mei drippen mei. Mar hy sei: "Pas der goed op, hwant der kin dy ûnderweis wolris ien moetsje, dy't it op dat fleske munte...
nl.verhalenbank.12361
Us beppe wenne yn Hantumer Utbuorren. Sy hat froeger bitsjoend west. Hja wie doe noch jong. Hja hie pankoeken iten by in âld-wiif. Hja wie krekt troud mei ús pake Pier Soepboer.
Sy woarde siik. Pake gong nei Wopke to Kûkherne. It wetter fan beppe nom er mei.
Doe't Wopke dat bisjoen hie, sei er: "Hjir is in drank en nou matte jo gau meitsje dat jo thús...
nl.verhalenbank.23145
Der hat in bern fan ús bitsjoend west. As it op bêd lei dan gûlde 't en wied er krekt sa stiif as in planke. Mar as ik him der út krige, dan wied er slop fan it laitsjen.
Ik sei: "Dit doocht net. It bern is bitsjoend."
Doe gongen wy nei de duvelbander ta. Dat wie Antsje Snipel fan Boelensloane. Dy sei: "Jimme matte duveldrek ûnder 'e drompel lizze. Dan...
nl.verhalenbank.21104
Nolle Koaning (Nolle fan Bouke Syts) koe tsjoene. Bouke Syts sels wie ek in tsjoenster, Nolle hie 't net fan fremd. Hja hâldde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stuts.
Nolle kaem by in buorman, dy hie bargen yn 't hok. Doe smiet er syn prûmke dêr yn 't hok. De oare moarns leinen de bargen allegear rjocht op 'e rêch. Se wienen deasiik.
Doe gong dy...
nl.verhalenbank.29760
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai.
Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst.
Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Myn man hie in suster. Dy har jonge is geastlik deatsjoend. Myn mem wenne dêr as buorfrou njonken. Mem sei, hja hie sjoen, dat der mei ljochtmoanne twa hinne kuijere wienen. Dat hienen âlde Ot en Alle Tet west. Dy kommen dêr om to sjen hoe't it mei it bern wie. En doe hie der hwat boven op it dak lein, dat wie rjochtút en seach der út as in...
nl.verhalenbank.21464
Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út."
Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús.
Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar...
nl.verhalenbank.20704