Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se.
Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend.
In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta.
Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
Ik ha 't oardel jier lang oan 'e nieren hawn. Doe kom myn swager út 'e Westerein us in kear by ús. Dy sei: "Der mankeart Bontsje neat. Hja sit ûnder forkearde minsken."
Doe gongen se earst foar my nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Mar dy hat der net folle fan makke. Doe hat myn man foar my nei Úlke Bultsje west. Úlke sei tsjin him: "Kom bist dêr al, Japik?...
nl.verhalenbank.18120
Soms wie Lamke fjûrbinaud. Dan raesde se it út. Dan hie de duvel har to pakken.
Op in kear kom Wessel by Lamke en dy om nei Jochum to sjen, dy't doe siik wie. Wessel wie in raren ien, dy't net botte gau binaud wie. Mar doe't er wer ta de doar út soe, sei er: Ik kin der net útkomme, hwant der stiet ien foar. Hy hie ôfgryslike raer en binaud sjoen, doe't er...
nl.verhalenbank.16526
Jan woarde deatsjoend. Fokke, in broer fan Jan ek. En noch in oare broer fan Jan, dat wie Jochum, dy is ék noch deatsjoend. Jochum wie al troud, doe krige er it sa bot yn 'e rêch, dat hy sprong op krukken. Sa bot wied er bitsjoend troch syn eigen mem Karste Lamke en troch syn muoike. Se gongen doe nei Jonge Jan ta, de duvelbander fan it Wytfean. Dy sei:...
nl.verhalenbank.16524