Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wiegezang zonder einde.
Te Nijega woonde in den overouden tijd eene vrouw, die zich aan den duivel had verkocht onder voorwaarde, dat zij hem, als hij haar kwam halen, een kunststuk ter uitvoering zoude opleggen. Kon hij dan dat werk niet volbrengen, dan was zij vrij.
Toen de booze op den bepaalden tijd kwam, zat de vrouw haar kind te wiegen. Hij maande...
nl.verhalenbank.57816
Der wie in man, dy hie syn siele forkocht oan 'e kweade. Mar hy hie de duvel to fiter hawn, dat doe't de duvel kom moest er sûnder siele wer fuort. Mar de duvel sei: "Ik wol dochs hwàt fan dy ha." En doe nom er de man syn skaed en dat rolle er op.
Sûnt wie dy man altyd sûnder skaed. Dat wie miskien noait útkom, mar op in kear stie er mei in rychje folk op...
nl.verhalenbank.12538
Op in krúswei dêr koe men in wikseldaelder fan 'e duvel krije.
nl.verhalenbank.12194
As men by 't tsjuster op 'e linkerkant fan 'e wei rint, kriget men in slach fan 'e duvel. Dus noait links rinne by nacht, waerd der altyd sein, like min as midden op 'e wei.
nl.verhalenbank.11496
To Geryp lei ergens in houtsje oer de sleat. Op dat houtsje wie altyd in grouwe, swarte houn by nacht. Net ien, dy't der dan oer koe, hwant dan pakte dy houn him. Mar ien hat it us in kear weage, dat wie in greate flokker ensa. Doe is er dêr raer tatakele woarn. Dy houn dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.15807
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen.
Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa...
nl.verhalenbank.12193
Noait gekoanstekke foar de spegel en rare gesichten lûke, hwant dan komt Hantsje Pik der achterwei.
nl.verhalenbank.12302
Yn 'e Folgeren hat de duvel al ris ien de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.11497
As de kweade jin efternei siet, dan moast men yn 'e rogge krûpe. Hwant de rogge is heilich.
nl.verhalenbank.11527
Der wie ris in man oan 't harjen. Doe woarde it ynienen roettsjuster en it hearde him sa ta dat it ek bot bigong to waeien. Mar it wienen oars net as protters, dêr't it sa tsjuster fan woardde en dêr't sa'n wyn troch ûntstie. De loft wie stiiffol protters. Doe smiet dy man mei de hammer nei ien fan dy protters. Mar doe koed er dy hammer net wer fine,...
nl.verhalenbank.12289
To Hurdegeryp mat in hekke west ha, dy't noait ticht bliuwe koe. Hy woarde troch de duvel iepensmiten.
nl.verhalenbank.15810
De frijmitselders krije jild fan 'e kweade op 'e Krúswei. Se ha noait forlet fan jild. Greate Sije (Hoekstra) hat ek noait forlet fan jild. Dat is in frijmitselder. Hy wennet op 'e Tike op 'e skieding. Hy hat in foech smoarch winkeltsje. Hy docht hwat er wol. Der wurdt sein, dat er in wikseldaelder hat.
nl.verhalenbank.11489
Der wie in feint, dy swearde en swetste der mar op los. Hy leaude oan God noch syn gebot en dat sei er tsjin elkenien. Tsjin syn maten sei er: "Der bistiet net in God en gjin duvel."
Op in kear kom er mei twa fan syn maten oerien, dat hy soe trije kear op it tsjerkhôf gean en elke kear soed er dêr God en de duvel oanroppe. Dan soenen syn maten sjen kinne...
nl.verhalenbank.15814
Achter Ljouwert moat in boer west ha, dy't net in sint mear hie. Syn pleats wie oanein, en as der in stoarm kom, koe alles wol ynstoarte. De man wie syn rie to'n ein.
Op in joune stied er op it hiem. Dêr kaem in mynhear oankuijerjen. Jo lykje wol mismoedich, sei dy.
Dat bin ik ek andere de boer en doe fortelde hy hoe slim as hy der oan ta wie en dat er...
nl.verhalenbank.11575