Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
It is us in kear op 'e Lange Wyk gebeurd, dat dêr ien oer de dyk smiten woarde. Dat wie in tige rûch man. Hy hie earst in skoft yn 'e kroech sitten en rare wurden brûkt. Dêr hied er de boel forsweard. Doe hat de duvel him opnom en oer 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.22955
Myn frou wenne yn Twizelerheide. Sy moest omke sizze tsjin Stammerige Harm. Op in kear, doe kom se mei har suster en in stik of hwat kammeraedtskes fan 'e naeiforiening. 't Wie by jountiid. 't Wie midden yn 'e simmer. Doe woarde dêr mei snieballen smiten. Dy smiet ien oer de dyk hinne en sy kommen yn 't wetter del. Dat wie gjin goed spul. It wie de duvel,...
nl.verhalenbank.22954
Sape Boersma fan Gerkeskleaster hie tofolle dronken. Hy hie yn 'e kroech sitten en doe gong er op 'e fyts sitten. Hy flokte as in ketter. Underweis, achter Strobos smieten se him yn 't Knjillisdjip. Dat die de duvel. Hy is der wer útrekke, mar doe wied er aerdich bikaem. Letter flokte er net mear.
nl.verhalenbank.30968
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen.
It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter...
nl.verhalenbank.24528
Op 'e Greate wei (de rykswei) yn 'e buert fan 'e kaserne ha guon de duvel sjoen, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.22951
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy wie soms bot blau om 'e holle. Doomny kom op in kear by har, doe sei er: "Hwat binne jo blau om 'e holle."
"Ja," sei Tet, "ik stomp my altyd oan 'e bêdsdoarkes."
Mar 't wie de kweade, dy't har soms op 'e hûd joech.
nl.verhalenbank.19455
In pleachbeest dat is: de kweade yn 'e gestalte fan in houn.
nl.verhalenbank.28649
Sy seinen ek wol dat Gauke Haarsma konneksjes ûnderhâldde mei de duvel. As der by earme minsken in poppe op komst wie en sy hienen gjin sinten om hwat spullen foar de útset to keapjen, dan kommen se by Gauke. Dan sei Gauke: "Ik gean wol even fuort." Dan helle er sinten op. Hwerwei?
Hy sei: "Binnen 't healjier mat ik se wer ha, oars giet it raer."
Syn...
nl.verhalenbank.26212
Der wie in boerefeint, dy hie in forboun sluten mei de âld feint (= de duvel). Hy wedde us mei de boer, hy soe it mollebult struijen yn trije ûren dien ha.
"Dizze weddenskip hast forlern", sei de boer.
Mar de feint gong noflik op it lân lizzen to sliepen.
Binnen trije ûren wie alles swart.
"Jo ha 't forspile", sei de feint. De âld-feint hie 't opknapt....
nl.verhalenbank.16502
De kant út nei Grins stiet it Godloas Tolhûs. Dêr wienen ris op in snein-to-joun in stik of hwat bazen, op 'e betonnen brêge, dy prebearren yn hoefolle tredden hja oer de brêge kommen.
Der wie ien jonge yn it ploechje, dêr koenen de oaren it lang net tsjin hâlde, dy wie altyd foar.
Doe sei er: "De duvel kin 't hjir net iens tsjin my hâlde."
Doe seinen de...
nl.verhalenbank.26215
Frâns wenne yn Surhuzum. Hy wie frijgesel en in dikke sûplap. Syn mem gong altyd bot tsjin dat sûpen yn. Hja warskôge him geregeld en sei: "Dit kin dy noch wol ris raer ôfgean."
Mar hy spotte mei har wurden en hy flokte der grouwelich by. "Ik bin foar de duvel net bang", sei er.
Op in snein-to-joun kom er wer thús. Hy wie smoardronken. "Hast nou al wer...
nl.verhalenbank.26216
Bearn Smook fan Feansterheide hat mei de duvel fochten. Hja leinen togearre yn in droege sleat. Bearn hie sangeneblau west. De duvel wie in lyt mantsje.
nl.verhalenbank.16504
Doe't ik in jonkje wie, wennen wy yn Stiensgea.
Dêr wenne ek in fédriuwer, dat wie Boele Tseard. Dy fortelde doe us:
Myn omke gong us in kear hjir yn Stiensgea achter de Bosk lâns. Omke dat wie in hiele dikke gewante keardel. Dy wie nergens binaud foar. 't Wie yn 'e nacht. Doe seach omke dat der in keardel achter him oan kom. Dy bleau mar achter him oan...
nl.verhalenbank.22138
It gebeurde yn Burgum. Ik en noch ien roannen togearre op 'e wei. Dy persoan njonken my siet fol wrok. Hy wie siedend fan binnen. Hy wie op wei om ien hiel bot ôf to ticheljen, sa lulk hied er him op dyselde makke.
Wy gongen in stik lân oer. Doe woarde er by my wei krige en hy woarde delsmiten yn in rit, dêr't wy in skoftsje fan tofoaren lâns kom wienen....
nl.verhalenbank.28637
Us Koen-om (Koen van der Mark) kaem oarspronkelik út Dútslân. Dat wie yn syn feintejierren in hiele raren-ien. It gong him noait to raer. It wie alle jounen kaertspylje yn 'e kroech op 'e Wâl, en dêr waerd by flokt dat it raer wie.
Op in joun siet er wer mei guon to kaertspyljen. Hja wienen mei har fjouweren, mar de iene wie in fremden-ien. Dêr hie...
nl.verhalenbank.38442
Der wie in faem, dy woe graech forkearing ha. Doe liet se har us in raer wurd ûntfalle. "As wie 't ek mei de duvel", sei se.
Doe kom der de jouns in feintsje by har. 't Wie sa'n menearke. Mar sy seach wol dat it net doogde. Sy sei tsjin har mem: "Hoe mat ik hjir mei oan?"
Doe joech har mem har rie.
De faem sei tsjin 'e duvel: "Is 't goed dat ik earst de...
nl.verhalenbank.19473
Ik wie 27 jier, doe wurke ik by de spoarbaen yn Bûtenpost. Der wie ek in sekere Jehannes v.d Velde by de ploech. Dy kaem fan Surhuzum en wie troud mei Katootje Looijenga. Doe't er feint wie, wie 't in hiele raren-ien. Hy fortelde ús, hy hie de duvel faek útnoadige. Dy woed er wolris treffe. Hy dronk geweldich. Doe op in kear doe kaem er út 'e kroech mei...
nl.verhalenbank.30963
Frijmitselers binne kûgelfrij. Sy ha altyd jild om hannen. Dat komt, sy ha in wikseldaelder. Sy binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.19472
In omke fan ús mem wenne yn Toutenburg op Swarteweisein. (Toutenburg is fan 'e Ypey-stifting.) Hy hiet fan Romke en wie in fromme man. Mar sa hie 't net altyd west. Yn syn jonge jierren wie 't in earst raren-ien. It gong him noait to mâl. Hy wie in great spotter en flokte sahwat om 't oare wurd. In ûnforskillich man.
Hy woe noait fortelle hoe't er bikeard...
nl.verhalenbank.32152