Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
Pytsjemuoi, dat wie Auke Stienstra syn mem. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie se fan 'e duvel. Hja siet noait sûnder sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.37795
Dêr't in moart gebeurd wie bleauwen de bloedplakken sitten. Dy woenen dêr net wer wei, fral net út 'e flier. It wie dan wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.37794
Aukje Pultrum hie altyd de gewoante fan to sizzen: Duvel. Dat sei se to pas en to ûnpas.
Op in joun soe se nei de pomp, doe hie dêr in lyts, swart mantsje stien. Hja hie net wer fuortkomme kind.
Doe hie se bigoun to bidden. Doe hie se wer fuortkomme kind. 't Wie Jille Pultrum syn beppe.
nl.verhalenbank.25863
Heit en myn broer wienen us boppe Apelsgea. Sy soenen mei in koe nei Smilde ta. 't Wie tige ier yn 'e moarn. Doe sei myn broer tsjin heit: "Sjoch dy smoarge houn ris mei dat geitsje." Oan 'e oare kant de feart wie in houn, dy't in geitsje tramtearre. Heit kom tichter by de feart om better to sjen. Hy woe nei de oare kant ta om dy houn in klap to jaen. Mar...
nl.verhalenbank.19584
Dyselde skoanmem har earste man tsjinne as boerefeint.
Op in joun gong er nei in plak ta, dêr't se him biwosken. It smoarge waskguod hied er by him. Hy leaude oan neat en wie in greate spotter. 't Wie al aerdich let. Doe kom der him ûnderweis in dikke swarte houn tomjitte. En doe woarde dy feint wol sa bot slein en ôftichele, dat der wie gjin rie ta. De...
nl.verhalenbank.29412
Wibe Hut (= Alma A.A.J.) fan 'e Harkema siet us in kear yn 'e kroech. "Ik bin foar gjin duvel bang", hied er sein. Mar doe't er út 'e kroech kom, smiet de duvel him yn 'e feart.
nl.verhalenbank.25604
Auke Schievink fan 'e Harkema wie froeger in hiele raren-ien. Hy is ris in kear troch de duvel smiten woarn fan 'e iene kant fan 't paed nei de oare kant. Letter woarde er tige froom.
nl.verhalenbank.28047