Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los.
't Koe him net folle skele hwat er sei.
Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde....
nl.verhalenbank.27557
Der wie in man dy hie och sa'n forlet fan jild. Doe kaem de duvel by him, dy sei: "Dû kinst wol jild fan my krije. Sjoch," sei er, "dan jow ik dy in ammerfol jild mei in dikke kop der op. Mar binnen safolle jier mat ik it ammerfol jild wer ha. Dan hoeft der net in kop op to sitten. Oars is dyn siele foar my."
De man sette in amer klear en de duvel smiet...
nl.verhalenbank.31291
Us heit fortelde, ien fan syn maten, in skipper lyk as heit, wie frijmitseler. Dy keardel wenne allinne op in skip en hy koe dwaen hwat er woe, noait forlet fan jild. Dêr soarge de duvel foar.
Op in kear, op in joun noadige hy in pear kamaraden by him op it skip. Dêr wie heit ek by. Der woarden nochal hwat buorrels dronken en hy sloech himsels ek net...
nl.verhalenbank.31287
Wienen guon yn 'e Westerein bang dat de duvel har krije soe, dan seinen se njoggen kearen achter elkoar:
"Fuort, âlde duvel, dû krigest my net."
Dan koe de duvel har net krije.
nl.verhalenbank.38170
In broer fan dy jonge hat by ús mem en dy yn 'e kost west. Earst wied er by syn broer yn 'e kost. Mar dêr kaem altyd in nachtmerje by him. Dy kaem earst by syn fuotten en kom sa stadichoan omheech. Op 't lêst hie se him by de strôtte. Dan smoarde er binei. Doe woe dy jonge dêr net langer bliuwe. Hy sei tsjin 'e nachtmerje: "Forrekte âlde duvel, ik krij dy...
nl.verhalenbank.38162
Adam Hurdrider ried oer it iis fan 'e Snitser mar. Net ien dy't hurder ride koe as hy. Doe hearde er ien achter him streekjen. Dêr koe Adam Hurdrider net oer, dat ien him ynhelle. Soks wie er net wend. Dat hy bigoun hurder to riden. Mar dy oare ek. It streekjen fan dy oare hearde er hyltyd noch deun achter him. Doe ried Adam op 't allerhurdst, hwant dy't...
nl.verhalenbank.31386
Us mem roun yn 'e sinteklazetiid mei de taeikoer. Hja kaem ris op in joun by in hûs, dêr't se taei forkocht. Doe gong se dêr wer wei, doe seach se in beest. Hja wist net hwat it wie, mar 't wie in hiel great ding.
Doe't it beest tichteby wie, like it in hiele greate houn. Hy wie roetswart en hie gleone egen yn 'e kop. Mem wie deabinaud. "Ik hoopje noait,...
nl.verhalenbank.38156
Doe't wy út Jistrum wei forhuzen, kommen wy oan 'e Burgumer Achterwei to wenjen. Jetse Leegsma wenne dêr ek, dêr moest ik de molke altyd weihelje. Ik moest dan in sânpaed del.
"Tink der om," sei Jetse tsjin my, "ik haw in klap hawn fan 'e duvel mei de moalpûde. Tink dêr om," sei er, "noait yn 'e weinspoaren rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme...
nl.verhalenbank.27560