Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben.
Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Frijmitselers ha har oan 'e duvel forkocht. Jehannes tsyske wie ek frijmetseler. Dy hie ek altyd jild om hannen. Der waerd sein dat er in wikseldaelder hie.
De duvel kriget letter de siele fan 'e frijmetselers. Om 'e sawn jier matte se ien deameitsje.
nl.verhalenbank.38298
Douwe Gosses wie in kaertspylder. By dat kaertspyljen foelen rare wurden. Hy sei 't mâl op. Douwe wenne op Feanwâldsterhoek. Op in kear is er op 'e Presterikker - in âld modderwei - oer de beammen hinne smiten. Dat hat de duvel dien. Doe wied er aerdich bikom.
nl.verhalenbank.19646
Der wie in spylman yn Feanwâldsterwâl, raerder hat der noait west. Yn 'e herberch spile er alle flokwurden op 'e harmoanika. Mar doe't er de jouns nei hûs ta soe, woarde er hyltyd troch ien keard. Dat wie de kweade. Hy koe net in kant út. Doe is er werom gong nei de herberch. De kastlein hat him opburgen. (fgl. Bokke de Boer)
nl.verhalenbank.16773
Us heit en dy ha trije Hindrikken hawn. Dêr bin ik allinne fan oerbleaun. De oare beiden binne stoarn doe't se noch lyts wienen. Se seinen altyd Binne kastelein (= Binne Kloosterman) hie se deatsjoend.
Greate Wopke hat in kear by my west. Doe wie 'k noch mar in pear wike âld. Ik wie siik en sy tochten dat ik deselde wei gean soe as de beide oare...
nl.verhalenbank.38075
Frijmitselers ha noait gebrek oan jild. Se ha in forboun mei de duvel, se binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.38212
Yn Feanwâldsterwâl hat ien wenne, dy die 't tige raer doe't er noch feint wie. It wie ien dy't faek yn 'e kroech siet en dan sei er 't raer op. Kaertspylje, sûpe, him mâltjirgje, flokke en sweare en swetse. Hy spile ek op 'e harmoanika. Ienkear hied er der op spile, op in joun yn 'e kroech en doe hie er 't Onze Vader op flokwurden dêrby song.
Doe't er út...
nl.verhalenbank.37875
Hjir op 'e Wâl wenne in húshâlding, dat wie hwat rûch folk. 't Gong der yn 'e hûs by harren wolris mâl oan wei. Op in kear, doe't it hwat ekstra mâl wie, kom der by harren in greate swarte houn oer de ûnderdoar springen, dy kom by harren, en dy gong ek wer fuort. Doe ha se raer sjoen, hwant dat wie hwat fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.19632
As de duvel mei kaertspile, woun dy alles. Dêr koe net ien tsjin spylje.
nl.verhalenbank.37907
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se binne oan 'e duvel forkocht en hja kinne net wer út dy syn klauwen wei komme.
nl.verhalenbank.38192
Der siet ergens in man yn in kroech mei in stik of hwat oaren. It wienen allegearre greate spotters. Hja hâldden in weddenskip. Ien soe nei 't tsjerkhôf ta yn 'e nacht nei in bipaeld grêf en dêr hwat delsette.
Dat soe dan dy iene man dwaen. Hy kom op it plak dêr't er wêze moest. Doe't er dêr wie waerd er yn 'e earm knypt. Hy woarde ôfgryslike kjel.
Doe't...
nl.verhalenbank.37908
Douwe Gosses wie in raer man. Flokke en sûpe en sweare en swetse, dat koed er. Hy wenne op 'e Hoek hjir op 'e Wâl.
Op in kear kom er út 'e herberch. Doe hat de duvel him ûnderweis to pakken hawn. Dy hat him bot ôftichele, doe hie er it net rûm. Letter is Douwe al hielendal foroare.
nl.verhalenbank.38185
Het boze oog fynt men by de frijmetselers yn it gebou dêr't se yn by elkoar komme. Jehannes Meerstra wie ek in frijmetseler.
Frijmetselers sitte meielkoar yn in klub. Se ha noait gebrek oan jild. Dat jild krije se fan 'e kweade. Se ha in forboun mei de duvel sluten. Dêr is in kontrakt fan en dat bliuwt altyd geldich. Se ûndertekenje it mei har eigen...
nl.verhalenbank.37894
Der wienen twa jongfeinten dy woenen ien bang meitsje.
Hja gongen boppe op elkoar stean tsjin in muorre oan yn 't tsjuster, doe't dyselde der oan kaem. Mar dy seach omheech, en sei: "Dit liket raer. Twa ha 'k wolris boppe op elkoar sjoen mar dêr noch noait in trêdden boppe op."
Doe woarden de twa jongfeinten sa bang dat se draefden fuort. Hwant sy...
nl.verhalenbank.37879
Yn Grins is in gebou fan 'e frijmetselarij, dat stiet dêr njonken in bakkerij. De frijmitselers ha har oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch ha se noait jildgebrek. Trijekear yn har libben wurde se holpen. Dan hingje se in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. As se der wer by komme, is er fol jild. Nei de trêdde kear wurde se net wer holpen. Om 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.38085
Op in kear wie Jehannes by de hellingbaes op 'e helling.
Dêr liet er de hellingbaes syn hinnen samar boven oer 't skûthûs hinne fleane, mei de hoanne yn 'e midden.
nl.verhalenbank.37957
Mei bihelp fan klaverboer kinne guon in flesse drank komme litte. Klaverboer, dêr sit de duvel yn, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.37969
Yn Feanwâlden hat ris in man yn 'e kroech sitten, dy sei 't sa raer op, dat it roan ta de spuigatten út. Doe't hy der út kom en nei hûs ta soe woarde er optild troch de kweade en in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.38093
Douwe Gosses siet yn 'e kroech hjir. Dy wie oan 't flokken en oangean. Doe't er nei hûs ta gong waerd er ûnderweis smiten. Dat is sabot oankom, dat hy hat letter noait wer sûpt. Doe wie hy der fan genezen. 't Wie yn 'e Foksegatten dêr't er smiten waerd.
nl.verhalenbank.38069