Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Kootstertille
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Hja hawwe in wikseldaelder. As se hielendal gjin sinten mear ha hingje se de lege jildpong jouns oan 'e doar. De oare moarns is er fol. Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder dea.
nl.verhalenbank.36767
Der wie in boerefeint, dy kom út 'e kroech. 't Wie yn Visvliet. 't Wie dêr raer gong yn dy kroech. De feint moest rinne yn 'e nacht fan Visvliet in stik hinne oan Pitersyl ta, dêr't de boer wenne. Hy wie bang, hwant de duvel roan njonken him. Hy skrille hyltyd. 't Wie in tige los man. By de boer, dêr't er wenne, siet de doar fêst. Hy koe der sa gau net yn...
nl.verhalenbank.29295
In skoansoan fan my wie noch sa'n jonge. Dy flokte wol faek ris. Doe sei syn mem tsjin him: Astû nou hjoed wer flokste komt fannacht de duvel by dyn bêdsté. Doe stie dêr dy nachts by syn bêdsté in keardel mei in machtich bosk hier en dy hie de finger driigjend omheech. Fan binaudens krûpte de jonge mei 't gesicht ûnder 'e tekkens en hy hat noait wer flokt.
nl.verhalenbank.36759
Frijmitselders binne maten fan 'e duvel. Dy ha altyd wol sinten. Dy krije se fan 'e duvel. Sy ha in wikseldaelder, dy is in ryksdaelder wurdich. Dy krije se altyd wer yn 'e bûs, ek al jowe se him út. Dy krije se op 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.22328
Op it Langpaed (dat wie froeger it tsjerkepaed fan Harkema nei Surhuzum) binne us guon lâns gong op in joun, doe woarden se keard. Der stie in grouwe, swarte keardel. Dat wie de duvel. Hy stie op in houtsje.
nl.verhalenbank.22314
Dyselde frou kom ris op in nacht thús mei har man. Doe roannen se by in café lâns. Dêr siet in swarte kat yn 'e doar. De doar stie yn 't kier. Doe sei dy frou tsjin har man: "Der net nei skoppe, hear, hwant dat is de duvel dy't dêr sit!"
nl.verhalenbank.32661
Alde Jan Stokje wenne op it Hegelân to Jistrum. Op in kear hied er him slim misdroegen yn 'e kroech. Underweis nei hûs ta hat ien him opnom en smiten. Hy woarde oer diken en sleatten hinne smiten. 't Swit briek him ta alles út. Hy hat it sels forteld. It wie de duvel dy't him to pakken hawn hie.
nl.verhalenbank.29292
By âlde Sjoerde Durkje yn 'e Kule (Westerein) gong it jouns altyd op in kaerten, in ein yn 'e nacht op. Dan wie 't altyd ien stik lawaei. It gong om jild en der waerd by sweard en flokt. Op in joun, doe't it der bot oan wei gong moest Durkje der even út. Doe't se der wer yn kaem siet de duvel op 'e skoarstienmantel. It wie krekt of it in learene keardel...
nl.verhalenbank.36761
Sikke Hoekstra hat hjir njonken ús wenne yn in âld húske. Yn syn feintejierren wie dat in raren ien. Op in kear kaem er by ús. Sa bleek as in doek. Doe sei er: "Nou hat de kweade my fannacht fan 't bêd ôf smiten."
nl.verhalenbank.29697
Deselde wyks hie Albert op 'e hoeke fan it Tiltsje oer de feart dy't nei Twizel giet, in lyts, swart keardeltsje sjoen mei gleone egen. Hy wie hurd útnaeid op 'e fyts. It hie de kweade west, sei er.
nl.verhalenbank.22311
Der kaem pake ris in jonge tsjin op in joun yn Twizelerheide. Dy jonge sei tsjin pake: "Tink der om, jo matte dêr net lâns gean, hwant de duvel stiet dêr yn 'e dykswâl." Der wienen mear minsken dy't dat mienden. Mar pake hat der noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.32667
By it Blaufallaet stie ris in keppeltsje jongfolk. "Net ien dy't oer dizze feart springe kin", sei der ien. "Né," sei in oaren, "dat kin de duvel net iens." Doe hie der ynienen in hearke west en dy sprong der - floep - samar oerhinne. Dêr't er delkaem oan 'e oare kant bleau de print fan in hynstepoat achter. It hie de duvel west dy't dêr oer de feart...
nl.verhalenbank.36753
It gebeurde ris ergens yn Grinslân, dat der in jongfeint by in brêge oer de feart sprong en doe sei er: "Dat docht de duvel my net nei." Doe kom der ien oan, dat wie de duvel sels. Dy sprong èk oer dy feart en doe liet er in print nei fan syn hynstepoat yn 'e stien, dêr't er ôfset hie. Dy print is dêr hjoed-de-dei noch altyd yn to sjen.
nl.verhalenbank.32680
Ek op in kear doe soe Wibe Alma nei hûs ta. Doe wie der tichte by syn hûs samar in earm troch de hage hinne kom. ('t Wie in skerpe toarnehage) Dat wie de duvel, dy woe him ha.
nl.verhalenbank.22320
Yn 'e Falom by de brêge stiet in herberch. Dêr gong it jouns faek op in kaertspyljen. Dan gong it der soms bot oan wei en der woarden faek grouwe wurden brûkt. Der siet us in kear in Dokkumer. Dy flokte sa bot, dat ien sei tsjin him: "Jonge, ast joun nou us mei de duvel yn oanraking komste, hwat dan?" "Dêr jow ik neat om", sei er. Mar dy jouns hat de...
nl.verhalenbank.21589
Frijmetselders ha noait forlet fan jild. Der hat ien by ús yn 'e Falom wenne. Sy seinen, hy hie nachts in ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar hingjen. Dy wie dan de oare deis fol jild. Dat die de duvel. Om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselders dea. Wie men ienkear by de frijmitselders dan koe men der net wer by wei. Sy binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.21599
Yn Twizelerheide wenne stammerige Harm. Ik ha sa'n bytsje forkearing hawn mei ien fan syn dochters. Stammerige Harm hie de kweade hân. Hy handele in bulte yn lytsfé. As er by guon kninen keapje woe en dy minsken woenen se net misse, dan struts hy der even mei de hân oer hinne. Dan koe men der mar fan op oan, dan wienen se de oare moarns dea. Hy hie noait...
nl.verhalenbank.20686
Lytse Wyberen fan Twizelerheide hie in slokje op. Hy wie in bytsje dronken. De jouns fan tofoaren hied er him ûntfalle litten, dat er (ek) wolris troch de duvel smiten wurde woe. Dy jouns op 'e Boppewei - de wei nei Feanwâlden - waerd er samar opnom en in ein fuortsmiten. Hy hat dy winsk noait wer dien.
nl.verhalenbank.36755
Der wie in faem, dy sei: Ik wol joun in frijer ha, as wie 't de duvel. Doe kom der de jouns ien by de doar. De frou sei: Dit liket net bêst, hy hat in knolpoat. 't Is de duvel. Doe wie de faem bang. De faem hat doe diggelguod foar syn fuotten kapot smiten en doe is er wer fuort gong.
nl.verhalenbank.22332
Pake (Riemer Wybenga) en Lammert de Bruin wienen ris togearre op in nacht oan 't murdejeijen. Hja roannen troch de Sweagerbosk en kamen sa op 'e Sweagerlannen yn 'e Spûkloane. Hja wienen tichte by it hûs dêr't Gerke Jehannes wenne. Dêr wie in murd. De beide hounen hienen dêr foet. Doe seagen pake en Lammert oan 'e oare kant de feart in hearke stean, dy...
nl.verhalenbank.36743
1