Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Troch bimiddeling fan skoppenboer kin men in flesse jenever komme litte. Dat is jenever fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22996
Frijmitselders binne ûnbigryplike wezens. Sy kinne sweve en ha noait jildkrapte. De duvel hat se yn 'e macht.
nl.verhalenbank.22799
As der in frijmitselder stjert, wurdt er forkocht oan 'e duvel. Hy is by syn libben kûgelfrij. Om 'e sawn jier mat der ien dea.
nl.verhalenbank.17119
As se in spûksel tsjin kommen, seinen se: "As't fan 'e Heare is, sprek dan. Ast fan 'e duvel is, stom dan."
nl.verhalenbank.23096
Jehannes van der Zee wie arbeider by Bonne Sjoerds, dy't op in pleats wenne op 'e Harste. Op in moarn bitiid soe er nei de boer ta. Doe stie dêr ûnderweis ien yn 'e berm.
Jehannes hie in stok by him.
"Goeije moarn", sei er. Dy oare sei neat.
"Nou duvel," sei Jehannes, "kìnst net prate of wòlst net prate?" En hy krige de stok.
Doe biselskippe dy oare him...
nl.verhalenbank.31535
Doe't Jehannes van der Zee fan 'e Gariperheide us op in moarn nei de boer ta soe, dêr't er arbeider wie, kom de kweade by him. Dy hat Jehannes doe smiten.
nl.verhalenbank.22992
Lju dy't forlet fan jild ha geane by de frijmetselaars. Dan ha se noait wer forlet. Dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.23050
Frijmitselers, dat binne minsken, dy ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.21095
Frijmitselders krigen altyd jild fan 'e duvel. Dêrtroch hienen se noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22699
By in minske yn 'e Burgumerheide sieten elke moarntiid as se wekker woarde, fiif duvels op it bêdsbuordtsje.
nl.verhalenbank.21351
Frijmitselers ha in wikseldaelder. Dy krije se fan 'e duvel. Hy jowt him har by 't tsjuster op 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.21341
Yn Heech, achter Snits, wenne in boer, dy hie twa ûngetiders ynhierd. Hy hie har opdroegen in stik lân to kearen. Mar dy iene fan 'e beide mieren sei: "Wy hoeve net to kearen. Wy kinne der wol hwat by lizzen gean."
Hy makke hwat meneuvels en doe wie 't hiele stik samar ynienen om. Dy ûngetider koe hwat mear as gewoan.
Hy hie in forboun mei de kweade.
nl.verhalenbank.32124
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, klaude himsels om 'e holle. Dan gong er nei bûten ta en sei: "Ik ha mei de duvel fochten."
nl.verhalenbank.24626
Der wie in man, dy hie in kontrakt mei de duvel sluten. Sy akkoarten, de duvel soe syn siele ha, mar dan moest er in sek fol mei goud smite. De man soe dy sek yn 'e hoannebalken ophingje.
De man gong hinne en knipte de boaijem út 'e sek. De duvel smiet mar troch en mar troch.
Op it lêst hied er syn nocht, de sek rekke noait in kear fol. Hy naeide út en it...
nl.verhalenbank.21789
Lytse Remmelt de Haan kom us in kear fan Garyp nei Gariperheide ta. Hy kom yn it hûs fan âlde Tamme Hooijenga. Hy hie 't einekroes yn 't hier sitten.
"Hwat nou?" sei Tamme.
Hy sei: "Ik kom de houtsjepaden lâns en ûnderweis sweefde der hyltyd hwat achter my oan. 't Hie gjin fuotten. It wie de duvel. Doe't ik oan 'e dobbe ta wie, pakte er my by 't hier en...
nl.verhalenbank.32496
Men heart wol gauris dat guon de kop fan 't harspit ôfmeand ha. Mar dat kin allinne de duvel mar.
nl.verhalenbank.32125
Ik haw in âld frou kend to Ljouwert, dat wie Aukje Procee. Se wenne yn 'e Amelânsstrjitte en hie handel yn fodden. Dat minske wie frijmitseler. Se joech jin noait de hiele hân mei 't fûstkjen. Se seinen dat se in wikseldaelder hie en noait krapte oan jild hie. Om 'e safolle jier moest der ien fan dy frijmitselerploech dea en sa is hja ek in kear oan 'e...
nl.verhalenbank.32127
Remmelt de Haan is in kear op 'e heide fuortsmiten yn 'e sleat. Der roan ien njonken him, sei er. Dat wie de duvel. Skoanheit en dy ha him wer nei hûs ta brocht.
Hy kaem by pake en dy dweiltrochwiet. Heit wie doe noch yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32494
Fan 'e frijmitselders ha 'k ek wol us heard, dat se nou en dan in lears ophingje, dêr't de soale út mist. Dy lears hingje se ergens by har yn 'e hûs op. De duvel smyt der jild yn. Mar sa'n lears rekket fansels noait fol. Sa ha se de duvel dan tofiter.
nl.verhalenbank.21348
Fan ien, dy't noait forlet fan jild hat, sizze se: dy hat fêst in wikseldaelder. In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Hy rekket noait op yn 'e beurs. Altyd groeit er wer oan dat de folle waerde wer yn 'e beurs sit.
nl.verhalenbank.31563