Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie nachts altyd hwat op it tsjerkhôf. Doomny woe wol us wite hwat dat wie. Doe gong hy der ris hinne om to sjen. Doe wie dêr in persoan, dy gong boven op 'e oare stean, op 'e skouder tsjin 'e muorre oan.
Doomny sei: "Ien ha 'k wolris op 'e oare stean sjoen, mar dêr ek noch in trêdden boppe op noch noait."
Doe wie de boppeste sa binaud woarn, hwant hy...
nl.verhalenbank.24020
Froeger hienen se yn Moarmwâld in matteweverij. Dêr bistriden se de wurkeloasheit mei. Sy weefden mei rosken. Dy rosken woarden op 'e souder droege. Dan bleauwen se taei. Dienen se 't yn 'e sinne dan woarden se bros.
Sy moesten dus de rosken fan 'e souder helje.
De man dy't de leiding hie fan dy matteweverij flokte altyd bot.
Op in kear gong er by de...
nl.verhalenbank.24008
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Sy hingje jouns de lege pong oan 'e klink fan 'e doar, en moarns sit er fol jild. Sadwaende ha se noait forlet fan jild. Der mat om 'e safolle jier ien fan dea. Dy't it dan mar treft. Jy kinne der net wer by wei.
nl.verhalenbank.23564
Der wie in notaris, hjir út 'e buert, dy koe net stjerre.
Doe binne de minsken allegear út 'e hûs gien.
Dy notaris hie de minsken altyd ôfset en strûpt.
Doe't se der wer ynkommen, wied er dea. De duvel hie mei him ret.
nl.verhalenbank.24009
Hjir yn 'e buert is ris ien smiten woarn troch de kweade. Hy hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.24147
By de Godloas brêge hat froeger in herberch stien. Dêr gong 't der soms raer oan wei. Flokke en kreauwe. 't Wie fóár myn tiid, mar der binne wol guon útkom, dy't ûnderweis nei hûs in rare reis makken. Dan rêdde de duvel mei har.
nl.verhalenbank.24351
Brún Douma wenne op 'e Kapelle. Hy roan in kear de sânreed del. Doe hearde er dêr in great gelút. Doe woarde er samar opnom en fan 'e loane ôfsmiten. It wie de duvel dy't dat die, mar hy seach neat. Hy koe net thús komme. 't Wie op in joun. Hy hat it sels faek forteld.
nl.verhalenbank.23074