Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dyselde boer wie us op in kear to ôfljochtsjen. Hy die 't yn 't tsjuster en hie gjin lantearne by him. Doe krige er ynienen in klap op 'e earm, dy't goed bot oankaem. Dat hie de duvel dien. Sy ha fuort dêrnei alles ôfljochte, mar der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.19865
Yn Twizelerheide wenne in widdou. Dy hie twa berntsjes hawn en der waerd wol sein, dat hja dy beide berntsjes sels fan kant makke hie.
Alle jounen tusken skimer en tsjuster kom dy man mei de berntsjes der oan. Dy koenen de rêst net fine.
nl.verhalenbank.19324
Hoe't men in wikseldaelder krijt:
As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe.
Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
Pake wie op in joun ûnderweis yn neare nacht. Hy moest oer in fonder, mar dy koed er net sjen. Doe tocht er: Kom der nou mar in tongerslach. En hy hie 't net tocht of der wie in swiere slach en alles woarde yn 't folle ljocht set. Doe koe hy oer de fonder komme. Dit hat er faek forteld.
nl.verhalenbank.32879
Dyselde Auke Helmhout wie ek in frijmitseler.
Yn 't tsjuster frege der: "Hoe sit it, ik mat even hwat jild brûke."
Dan sei der in man yn 't tsjuster: "Hoefolle?"
En dan krige er dat jild.
Mar om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselders dea. Sy lotsje der om hwa't dat wêze sil.
Der wurdt in nûmer útskuord en dy sinen dat is, dy wurdt deamakke.
Yn 'e...
nl.verhalenbank.19381
Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net.
Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân...
nl.verhalenbank.23625
Ik wie in jonge, doe wenne ik yn Aldegea by Germ van der Ploeg. Dy hie buorkerij. Der wie doe noch gjin elektrysk, dat jouns wie alles dêr tsjuster. Yn 't bûthús hienen se in flearmûs-lantearne hingjen.
't Wie op in joun, alles wie birêdden. De arbeider wie al fuort. Ik wie noch mei Germ yn 't bûthús. Wy praetten noch even.
Ik soe in bakje mei sân helje,...
nl.verhalenbank.33625
Yn Aldegea stiet in hûs, dêr stienen froeger trije greate linebeammen foar. Dy hienen har tûken oer de hiele wei hinne. Dêr wenne in skuonbaes yn dat hûs en dêr wie ek sliterij.
Gâns boeren stieken dêr simmerdeis oan. Der stien krêbben foar de hynders foar de muorre. Hylke Bakker wenne dêr.
Mar earder wenne dêr Theunis Harms Veenstra. Dy wie feanbaes en...
nl.verhalenbank.25052
't Is net like folle hwat men docht of hwat men seit.
Yn it café fan IJe Hulshof yn Surhuzum wienen op in joun in stik of hwat greate spotters byelkoar. Dy praetten ûnderinoar ôf, sy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. Dy't foargean soe, hie in swart dûmnyspak oanlutsen en in hege hoed opset. Hy soe 't avondmaal útdiele. Se hienen bôlle en wyn kocht....
nl.verhalenbank.19378
Dêr wenne ergens in dokter, dy koe ôfgryslik lige. Omdat de minsken him net leauwe woenen tocht er, ik mat sjen dat ik in túnman krij dy't èk aerdich lige kin. De minsken leauwe 't altyd earder as twa itselde sizze.
Hy hie ien op 't eech, dy hiet fan Jan.
Hy sei tsjin Jan: "Kinst wol lige?"
Jan sei: "Ik haw in ôfgrysliken hekel oan ligen, mar ik bin wol...
nl.verhalenbank.33106
Der wie is in man, dy hie de pik yn op 'e doomny, omt dy it evangeelje forkundige. Hy moest dêr neat fan ha en hy nom it bislút, hy soe de doomny deameitsje. Doe liet er in boadskip yn 'e nacht nei doomny bringe dat dêr en dêr, ergens op in iensum sté, dêr lei ien op stjerren en dy hie bigeard mei doomny to praten.
Doomny lei al op bêd, mar hy kom der gau...
nl.verhalenbank.23514