Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: droom Place of Narration: Drachten
Der wenne nêst jierren in skuonmakker yn Easterlittens. Hy en syn wyfke dat wienen twa bijierre minsken. Elke dei wie hy drok oan 't wurk om hakken en soallen ûnder 'e skuon to dwaen. Se hienen in sober bistean, it kom krap om. Sa wìe 't froeger, hè? Mar de skuonmakker sei: "Ik ha altyd noch de hope dat wy 't iens better krije sille." "Lit dy hope mar...
nl.verhalenbank.33244
Pake wie in tsjerkeman. Hy wie tige fyn en in foarman fan 'e grifformearden. Ien fan syn soannen, dat wie Jan-om, dy rekke by 't wiif wei. Sy wennen yn 'e Rottefalle. Doe't dat gebeurd wie, kom Hylke Jits by pake en sy sei: "Ik ha fannacht sa raer droomd." "Ja?" sei pake. "Ja," sei se, "it laatste oordeel." Doe sei se: "Rottefalle waerd wegere, hwant der...
nl.verhalenbank.32884
Ik wurke yn 'e Noard-Oastpolder. Dêr wie ek in man, dy hiet fan Majoor. Dy fortelde ús ris in kear, dat hy hie droomd, dat hy hie sjoen, dat in skipper syn famke neisprong dy't oer board fallen wie en dat se doe beide forsûpt wienen. De oare deis krige er biricht fan syn famylje, dat syn skoansoan, dy't skipper wie, dy wie syn famke nei sprong doe't dy...
nl.verhalenbank.30884
Yn Easterlittens wenne in skuonmakker. Hy en syn wyfke hienen it tige krap. Mar hy sei tsjin har: "Ik ha altyd noch in hope." De frou sei: "Lit dy hope mar farre. Wy sitte yn 'e earmoed en wy bliuwe yn 'e earmoed." Mar de skuonmakker joech de hoop net forlern. Op in nacht droomde hy. Doe sei er de oare moarns tsjin syn frou: Ik droomde, der kom in frou...
nl.verhalenbank.27071
Yn Lúkswâlde wenne in boer, dy hiet fan Jan van der Werf. Doe't ik sechstjin jier âld wie haw ik as feintsje by him tsjinne. Dy boer lei it der op oer om faillyt to gean. Gokke en sûpe en jildforgrieme. Elkenien koe sjen dat it forkeard gean soe. Dy boer hie in droom, dêr seach er alles yn. Hy fortroude altyd op syn dromen. Hy droomde, hy soe stokearm...
nl.verhalenbank.26970
Doe't myn skoandochter sa'n trettsjin à fjirtsjin jier âld wie, seach se yn 'e nacht yn har droom in brân. Hja seach alles hiel dúdlik. 't Wie hjir yn Drachten op Uleflecht. De oare nachts is it hûs njonken harres ôfbrând. 't Gebeurde krekt sa as sy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.22915
As jo oer fisken drome giet er ien dea, wie froeger altyd de hiting. As jo oer luzen drome ek. 't Is ien fan jins neiste famylje of jo binne it sels.
nl.verhalenbank.33775
Atsjemuoi en Trynmuoi wienen susters. Atsjemuoi wie troud mei Andersom en Trynmuoi hie forkearing mei Wibe de boer. Hja wie yn forwachting fan Wibe. Op in nacht wienen Anders-om en Tryn har oansteande togearre to mollefangen. Doe slepte Trynmuoi by Atsjemuoi op 'e Boelensloane. Hja slepten yn 't selde bêd. Doe droomde Trynmuoi, Manus Steensma, de...
nl.verhalenbank.30888
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
nl.verhalenbank.30889
Ik haw yn 'e Noard-oastpolder wurke. Dêr wie doe ek in man oan 't wurk dy hiet fan Majoor. Dy fortelde my: Ik hie ris in hiele rare droom op in nacht. Ik droomde dat der wie in bern yn 't wetter fallen. De heit wie dat bern neisprong en doe wienen se beide forsûpt. Dat wie de droom. De oare deis krige ik biricht dat myn skoansoan en syn bern wienen beide...
nl.verhalenbank.37014
35