Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As jy dreame fan in bigraffenis, dan komt der brulloft.
nl.verhalenbank.20078
Skoanmem hat faek forteld, hja hie yn 't bigjin fan har trouwen droomd, dat sy soe trije bern krije en dy ek alle trije forlieze. Dan soe der letter noch in neikommerke geboaren wurde en dat soe libjen bliuwe. 't Is krektsa útkom. Dat neikommerke, dat is myn frou.
nl.verhalenbank.29306
Wy leinen op in kear yn Klein Groningen - dat is oan diz kant Donkerbroek - mei 't skip to ierdappelladen. Ik wie noch net troud en ik slepte foar yn 'e durk.
Us Sjouk wie noch in jongfaem. Dy roun op in iere moarn troch de warring hinne nei ús ta. Hja sei: Nou ha 'k sa nuver droomd: Jehannes Boom is dea. (Jehannes Boom wie in âld Eastemarre skipper.)
De...
nl.verhalenbank.31909
Wy leinen mei 't skip yn Petersburch by Donkerbroek, om jirpels to laden foar 't jirpelfabryk yn Huzum.
Op in moarn sei myn suster: "O, hwat haw ik fannacht in rare droom hawn!"
"Hoe dat sa?" seinen wy. Wy seagen wol dat se hwat fan 'e wize wie. "Ik ha droomd," sei se, "dat Jehannes Boom wie dea. Ik seach foar myn egen dat er stoar. It wie allegear sa...
nl.verhalenbank.36694