Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jan Hepkes hie yn Dútslân west by in boer. 't Wie in hiele droege simmer. De boer hie in put njonken hûs, dy wie hielendal droech west. De boer sei tsjin Jan, hy moest dy put mar ris skjinmeitsje. Jan rekke der yn mei touwen en in amer. 't Wienen hiele lange einen tou, dy woarden oan elkoar knope. Jan sakke al mar djipper en djipper. Der kommen hyltyd...
nl.verhalenbank.26820
Likele Kuipers wenne yn in âlde spitkeet. Hy hie fuort west. Underweis nei hûs moest er noadich út 'e broek. Hy wie al by de Skieding: Hy gong yn in âlde, droege sleat sitten. Doe hearde er hwat fluitsjen. Doe kommen der in hiele protte slangen oan, mei de koaning foarop.
Likele hie sa binaud west, dat hy wist net mear hoe hurd as er thúskom wie.
nl.verhalenbank.26026
Pier Hindriks wenne yn 'e Dokkumer Wâlden. Dy wie nei Ljouwert ta west. Op 'e weromreis kom der in dikke bui achter him oan. Mar Pier dy fytste sa hurd, dat hy fleach der oer. Dêrtroch koed er de bui krekt fóár bliuwe. Hy hie allinne mar in pear drippen wetter achter op 'e spotskerm hawn, sa ticht siet de bui him op 'e hielen. Mar hysels kom droech thús.
nl.verhalenbank.23466