Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us mem, Jeltsje hiet se, wie as lyts famke bitsjoend. Beppe krige to rieden, hja moest mem droege rogge yn 'e seame fan 'e rok benaeije, dan hienen de tsjoensters gjin fet op 't lyts fanke. Beppe die it en mem waerd better.
Mei mem har suster gebeurde krekt itselde. Dy wie ek bitsjoend en waerd troch de rogge wer better.
nl.verhalenbank.17518
Myn pake Japik Pander fan 'e Boelensloane (heit fan Pier Pander) wie ek tige sterk. Hy wie us oan 't ruskesnijen mei in bihyndich mantsje. Dat wie Sibe Bos. Fan dy rusken weefden se matten en dy waerden dan wer forkocht. Sibe Bos wie net sterk. Mei de bosken rusken dy't se droegen moesten se oer de sleatten springe. Sibe koe ek net best springe. Op in...
nl.verhalenbank.17578
Jan Hepkes kom us op in kear fan Ljouwert ôf op 'e fyts. "Ik kin goed fytse", sei er. "Mar 'k seach achterom. Doe kom der in dikke bui oansetten. Ik sei tsjin mysels: - Boeke, soest it noch rêdde kinne? - De loften woarden àl swarter oan.
Ikke traepje. - Né jonge, sei 'k, rêdst it net op. Noch mear, noch hurder! - De bui wie oan my ta. Ik hearde it...
nl.verhalenbank.26282