Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Eastemar wenne in dokter, as dy jouns fan 'e pasjinten weromkom, moest er altyd oer it tsjerkhôf, dêr't in paed oerhinne gong. Dat paed gong oer in plankje, dat oer in droege sleat lei, om 't tsjerkhôf hinne.
In pear jongfeinten woenen in grap mei him úthelje. Hja krûpten ûnder 't plankje en doe't hy der oer gong seinen se mei in raer lûd: "Dû hast my...
nl.verhalenbank.36922
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha se rare geluten heard. Dat kin wol foartjirmerij west ha. Hwant letter, op in moarn om in ûre of tsien hinne, wie dêr us in hiel geraes. Ik en myn buorfrou setten der op ta. Doe hie de soan fan 'e boer (Stienstra) himsels ophong. (Twa jier tofoaren, op deselde dei, hie de dochter har de hals útsnien.)
Dat kinne dy lûden...
nl.verhalenbank.25879
Pier Hindriks wenne yn 'e Dokkumer Wâlden. Dy wie nei Ljouwert ta west. Op 'e weromreis kom der in dikke bui achter him oan. Mar Pier dy fytste sa hurd, dat hy fleach der oer. Dêrtroch koed er de bui krekt fóár bliuwe. Hy hie allinne mar in pear drippen wetter achter op 'e spotskerm hawn, sa ticht siet de bui him op 'e hielen. Mar hysels kom droech thús.
nl.verhalenbank.23466
As in boer in stik lân ôfmeand hat en de kat rint oer it gers hinne, dan hoeft dy boer gjin noed to hawwen oer 't hea. Alles komt droech yn 'e skuorre.
nl.verhalenbank.21664