Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Albert Alma (de man fan Tet) wie in raren-ien. Hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun siet er yn 'e kroech by Japik Laverman op 't Jachtfjild. Hy sûpte en flokte en swetste en hy liet him ûntfalle: Ik bin fan gjin duvel bang. Doe't er let yn 'e joun de kroech forliet woardde er ûnderweis op 'e Skeankamp, dêr't nou bakker de Boer wennet, samar oer de dyk hinne...
nl.verhalenbank.12272
Jan Hepkes fan Surhústerfean ried geregeld nei Ljouwert ta op syn âld fyts. Dan stuts er altyd even op Swarteweisein oan. Hy mocht graech in slokje.
Doe seinen se op in kear op Swarteweisein tsjin him, hy moest in motorfyts oantuge, dan koed er folle hurder.
Doe kocht er it tsjûr fan in motorfyts en dat sette er oan syn fyts.
De freeds ried er wer nei...
nl.verhalenbank.20598
Der stie in doomny yn it doarpke A, dy moest ris op in snein nei it doarpke Z. ta to preekjen. A. en Z. leinen in hiel ein út elkoar. De doomny gong op 'e fyts dêr hinne, en der gong in âlderling mei.
Doe't se sahwat op healwei wienen, yn it doarpke K, sei de âlderling: "Ik haw hjir in âlde muoike wenjen. Dêr kinne wy wol even oanstekke om in pantsjefol...
nl.verhalenbank.33637
As ien ûnder it boerefolk it ark falle lit, dan mat er syn deihier fordrinke litte. (traktearje)
nl.verhalenbank.20076
Imke de Jong liet Lou fan Douwe Liuwes op Eastemarre merke drinke.
"Hwat is dit?"
"Molke."
"Hwat is dat?"
"Brandewyn."
"Hwat is dit?"
"Wetter."
"Hwat is dat?"
"Sûpe."
"Hwat is dit?"
"Harre-jasses-jarre."
't Wie allegear itselde dat er drinke liet.
nl.verhalenbank.20469
Tichte by de âld toer to Eastemar wenne froeger in slachter. Dy hiet fan Tsjipke. Op in joun moest er nei in boer ta to slachtsjen. Doe't dat gebeurd wie woarde de flesse op 'e tafel set. Dat wie sa it gebrûk. En dêrnei soe Tsjipke dan wer op hûs yn. Doe frege him ien: "As de âld hear dy aenst yn 'e mjitte komt, soest dan ek kjel wurde?"
"Dêr jow ik neat...
nl.verhalenbank.15758