Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: drinken Place of Narration: Rottevalle
It gebeurde ek op in kear, doe hie Ymke toarst. Doe trof er ûnderweis in faem, dy siet ûnder in kou to melken. Hy frege om hwat molke, mar de faem woe him gjin jaen. Mar Ymke koe bûksprekke. Fuort dêrop sei de kou: "Jow dy man hwat molke." Doe woarde dy faem sa kjel, dat sy naeide út.
nl.verhalenbank.27755
Jan Hinses wenne yn Eastemar. It wie in raren. Hy wie in sûper en in spotter. Op in kear gong er de Swarte wei lâns. Doe is er dêr troch de duvel ôfseame. Sûnt hat er noait wer drank hawn.
nl.verhalenbank.36164
Jelle van der Wiel wenne oan 'e Langewyk yn 't âlde húske, dêr't letter Wiger Koaning yn wenne hat. Op in kear kom er út 'e kroech. Hy hie 't raer opsein. Flokke ensa en hy hie biweard, hy wie net bang foar de duvel. Doe't er omtrint thús wie, woarde er smiten mei fyts en al. It wie krekt as hie syn fyts yn 'e brân stien, sa raer hie 't like.
nl.verhalenbank.27715
Op in kear wienen in moai keppeltsje manlju der mei dwaende in hiele swiere beam op 'e wein to tillen. Mar dat woe har net slagje, de beam wie 't folkje to swier. Doe kom Hearke der oan. Hearke sei: "Wachtsje mar, ik sil jim wol even helpe." Doe tilde hy allinne dy swiere beam op 'e wein. Doe't de beam dêr goed en wol lei gongen de manlju nei de herberch...
nl.verhalenbank.27712
Hinse wie bot oan 'e drank. As er dronken wie, bigoun er altyd Hollânsk to praten. Hy hie 't net bigrepen op murdejagers. Dy wienen nachts altyd yn 'e wapens en dan attrapearren se him wolris as er dronken wie. "Bunzingjagers behoren tot het slechtste volk", plichte er to sizzen.
nl.verhalenbank.32795
Sjoerd Kooistra wie ien fan 'e raersten fan 'e Harkema. Hy wennet nou yn 'e Twizeler Mieden. Hy hat Jehannes Jager fan 'e Harkema omtrint de hiele noas ôfsnien. Hy wie altyd dronken. En flokke dat er die! Op in kear ha se him boven oer de beammen hinne smiten. Dat wie fansels 't wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.33061
1