Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Koen Hoekstra fan Eastemar mocht graech in buorrel en hy wie wol us dronken. Op in kear doe kom er de Swarte Wei lâne. Doe woarde er op in momint samar opnom en yn 'e dykswâl smiten, sûnder dat er oait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.19784
Der kaem ris in frommes yn 'e herberge, 't wie op 'e joun en hja woe dêr graech oernachtsje.
Hja gong oan in taffeltsje sitten en bistelde hwat.
De kellner brocht har dat, mar doe't er har goed oanseach tocht er: "Hea, sa sjocht in frouljusgesicht der net út." Hy hâldde har yn 'e gaten en op it lêst wie hy der wis fan, dat it in man wie yn frouljusklean....
nl.verhalenbank.19777
Hinse Jehannes, de duvelbander fan 't Swartfean, mocht graech in slokje. Op in kear hied er op Nijtap oanstutsen. Hy rekke smoardronken.
"Dit wurdt al hwat, Hinse", sei de kastlein.
Hinse sei: "Der mat ien mei my, dy kriget tsien goune." Dat gong oan. De feint moest mei. Mar dy wie tige bang en skruten foar Hinse.
Doe't se by 't Peinder tsjerkhôf kommen,...
nl.verhalenbank.20554
Faek ha 'k fortellen heard dat de duvel ien yn 'e sleat smiten hat, dy't út 'e kroech kaem en 't raer opsein hie.
nl.verhalenbank.30431
De Skilige Piip leit oan 'e Godloaze Singel, dy't rjochtút rint nei de Falom ta.
Op 'e ein fan 'e Godloaze Singel dêr stie in hûs. Op in kear wie der feest. De biwenner fan dat hûs hie dêr ek wakker oan meidien. Hy hie in protte drank brûkt en rare wurden sein. 't Wie in ûnforskillich man.
Doe kaem der yn 'e nacht ien by him by de doar.
Ien yn it hûs...
nl.verhalenbank.30423