Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: drempel Place of Narration: Houtigehage
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster. De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette. En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
Froeger hienen se hjir oeral duveldrek ûnder 'e drompels. Dêr kearden se de duvel mei. As se duveldrek yn 'e hûs hienen wienen se feilich foar de duvel. Sy hienen 't ek wol yn 'e bûse. Foaral guon dy't der yn 'e nacht op út moesten dienen dat. Dan wienen se feilich.
nl.verhalenbank.24298
Duveldrek is fan 'e geastlike kant. Leit der duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin der net in tsjoenster oer komme. Docht se 't al, dan is 't har dea.
nl.verhalenbank.23793
Woe men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan die men njoggen roggekerlen ûnder 'e drompel fan 'e doar.
nl.verhalenbank.28402
In protte minsken hjir yn 'e Houtigehage hienen duveldrek ûnder 'e drompel lizzen. Dan koenen der gjin tsjoensters yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.25882
Docht men in ûneven tal rochkerlen ûnder 'e drompel fan 'e doar, dan komt der gjin tsjoenster of nachtmerje by jin yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.23835
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle kom altyd by myn beppe Antsje Snipel. It wie mem har mem. Mem wie in suster fan Thomas Clare. Frânse Hinke wie in tsjoenster. As Hinke kom, sei heit tsjin mem: "Ik wol Frânse Hinke hjir net wer binnen doarren ha. Hja strykt de baerch oer de bealch hinne en dan giet er wer dea." Hwant hja hie by ús beppe ek al in baerch...
nl.verhalenbank.25172
1