Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms.
Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek.
Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen.
Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne.
De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Nachtmerjes wurde keard troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen, of in lapke mei duveldrek op it boarst lizze.
nl.verhalenbank.15518
Se pielden froeger in bulte mei duveldrek om feilich to wêzen tsjin tsjoenderij. Se hienen it oeral ûnder 'e drompels. De bern hienen it ek yn in pûdtsje op 't boarst. Ik wyt noch wol, dat ik as jonge mei oare jonges simmers nei de Liuwe-poel ta gong to baeijen. Dy jonges hienen allegear ûnder 'e klean in bantsje om 'e hals, dêr't in pûdtsje mei duveldrek...
nl.verhalenbank.33647
Der wienen ek wol guon, dy kearden nachtmerjes mei krytwyt of moal op 't gesicht.
By hynders brûkten se wol kaf.
Men mat jouns de klompen oerside sette, út it sté, net foar de drompel.
nl.verhalenbank.15523
Yn Frankrijk wenne in man allinne. 't Wie in fleizige man. Hy wie roomsk. De man wenne yn in hiel great hûs, op 'e bare rûmte. Der roan in feart by dy man syn hûs lâns. 't Wie eins in rivier. 't Wie de rivier des doods, dy wie forgiftich. Dy rivier is der noch.
Op in kear wie 't hiel swier waer. Doe seach dy man ta 't raem út oer de rivier des doods...
nl.verhalenbank.28714
Se hienen hjir froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompels fanwege de tsjoensters. En de bern hienen 't yn pûdtsjes op 't boarst.
nl.verhalenbank.25783
Tsjoensters kinne ek troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan hippe en dideldeinje de tsjoensters der foar om, dan komme se der net yn.
nl.verhalenbank.23537
Piter syn mem hie altyd duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters. Dat kocht se by Jonge Jan op it Wytfean. Sy iet ek nou en dan in stikje duveldrek op. De bern hienen allegear duveldrek yn in pûdtsje op it boarst.
De bern droegen ek wol in strinkje swarte kralen om 'e hals, (dat wienen beijen fan de ienen of oare beam), dat droegen se ûnder 'e...
nl.verhalenbank.16089
Foar tsjoensters mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen.
nl.verhalenbank.20670
Sy dienen hjir yn 'e Harkema faek duveldrek ûnder 'e bargetrôch. Dat wie om 'e tsjoensters. Under 'e drompel hie hast elkenien duveldrek.
nl.verhalenbank.17396
In nachtmerje, sizze se, is ien fan sawn dochters. Sy komt ta 't slotsgat yn 'e hûs.
Docht men in krús foar de drompel, dan kin se der net yn komme. Dan hat se gjin macht. Guon dienen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se ek om tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.28616
By ús thús lei mem de duveldrek gewoan op 'e drompel. Ek wol foar 't bêd. Mar allinne op tiden as se gefaer freesde.
nl.verhalenbank.21395
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, sa bang wienen se foar tsjoensters. En de bern droegen duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.26353
Sa'n sawntich jier lyn hienen de lju oan 'e Skieppedrifte ûnder Droegeham allegearre duveldrek ûnder 'e drompels en dêr wie ien húshâlding fan minsken, dy't faek yn rogge sliepten, omt se bang wienen foar de duvel en syn hantlangers. (Dat wie Arjen Visser syn eigen heit: Japik Visser. Dy wenne dêr mei syn susters.) It doochde dêr faek net by har yn 'e...
nl.verhalenbank.23439
Alle Tet wie in greate tsjoenster. Sy koe harsels yn in pod foroarje. Sa kom se dan by de minsken op bêd. Sy wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema.
Mar âlde Eke wie ek in tsjoenster. Dy hat us in bern bitsjoend. It bern woarde gammel en siik. Doe gong de man nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie dêr de duvelbander, dêr reizgen se út 'e Harkema...
nl.verhalenbank.19559
Nachtmerjes dy knipe jin de hals ticht. Sy komme stil yn 'e hûs. Men mat wyt moal oer jin hinne struije. Dan kinne se net oer jin hinne komme.
It binne frommeskes. As men op 'e rêch leit, dan kinne se jin samar pakke. Ik doarst froeger net heal op 'e rêch to lizzen fanwege de nachtmerjes.
De klompen oarsom foar de drompel sette, dat holp.
Ik wie bang foar...
nl.verhalenbank.20669
Om in tsjoenster to kearen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.22255
Der hat froeger by ús mem en dy ien bitsjoend west, ik wyt net mear hwa. Mar mem joech Thys Weening dêr de skuld fan. Thys Weening sutele mei in fetsje mei pikelhearrings yn 'e Harkema en dy doarst noait by ús oer de drompel to kommen. Dêr hie mem duveldrek ûnder lizzen en dan kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.22719