Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: drankje Place of Narration: Burgum
Wy hienen in famke, dat wie altyd gammel en siik. Doe kom der ris in kear in sekere Filippus by ús. Dy sei: "Hwat is hjir to rêdden? Is jimme fanke siik?" "Al in hiel skoft", sei 'k. Hy sei: "Jimme matte nei de duvelbander, hwant der sil wol hwat oars achter sitte. Jimme bern sil wol bitsjoend wêze. Ha jim it kessen al ris iepenmakke?" Doe makken wy it...
nl.verhalenbank.27554
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme. It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
De bern fan Jelle Huisman fan 'e Wygeast woenen net groeije. Hwat de âlders der ek oan dienen, it bleauwen tjirmers. Op it lêst kommen Jelle en 't wiif der achter dat de bern bitsjoend wienen. Der siet kweafolk achter. Jelle wie gau út 'e rie. Hy stapte nei greate Wopke ta. Wopke joech him in drank mei, mar sei der by: "Ik jow dy wol in drank, mar dû...
nl.verhalenbank.21966
Wierd Harms Hoogstins wenne oan 'e âld trambaen (dat wie doe noch gjin trambaen). Hy gong foar in siik hynder nei Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Dat wie in soart féarts, mar hy wie ek duvelbanner. 't Wie yn 'e winter en dêr lei in dikke laech iis op it wetter. Hinse joech Wierd in drank mei. Wierd wie dêr op redens kaem, mar doe warskôge Hinse...
nl.verhalenbank.31968
Myn suster hat as lyts famke bitsjoend west. Doe gongen se mei har nei Wopke ta, dy't yn Kûkherne wenne. Wopke stie by de hekke. Hy sei tsjin mem: "O, ik wit wol, hwer't jo foar komme." "Né," sei myn mem, "dat wite jo nèt." "Ja," sei Wopke, "dat wyt ik wòl." Doe sei er: "Jow my dat bern mar oer. Gean jo mar nei myn frou ta." Doe gong Wopke mei 't bern nei...
nl.verhalenbank.38150
Myn pake en beppe ha beide bitsjoend west. De âlde minsken wienen lang net goed en doe't se de kessens iepen makken, kamen dêr krânsen út. Dy krânsen ha se opbrând. Hja ha der foar nei de duvelbander west en binne wer better woarn. Fan Wopke krigen se in drankje. Underweis moesten se mei 't drankje om in hekke hinne. Wopke warskôge har, dat se dêr...
nl.verhalenbank.29661
35