3 datasets found
Dutch Keywords: drankje ziek hoofdkussen
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai. Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst. Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Sytse Frouk wenne op Feansterheide. Hja woarde siik. Hja tochten, se kin wolris bitsjoend wêze en doe seagen se de ynhâld fan 't holkessen nei. Ja, hear, dêr kaem in krâns út. Doe binne se nei de duvelbander ta gong. Dy joech in drankje mei. Hy sei, hja moesten de krâns forbrânne, mar goed oppasse dat alles sekuer ticht wie; elk gatsje moest tichtstoppe...
nl.verhalenbank.37780
Us beppe wenne yn Hantumer Utbuorren. Sy hat froeger bitsjoend west. Hja wie doe noch jong. Hja hie pankoeken iten by in âld-wiif. Hja wie krekt troud mei ús pake Pier Soepboer. Sy woarde siik. Pake gong nei Wopke to Kûkherne. It wetter fan beppe nom er mei. Doe't Wopke dat bisjoen hie, sei er: "Hjir is in drank en nou matte jo gau meitsje dat jo thús...
nl.verhalenbank.23145
35