Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út.
De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Heit hat it ûnder tsjinst wol us meimakke, dat ien mei in kaert (skoppenboer) in flesse drank bistelde en dat dy flesse der doe oansweven kom. Mar soe dat net in soart spiritisme west ha?
nl.verhalenbank.20428
Ik wie ûnder tsjinst. Doe wie dêr in keardel dy koe in flesse drank komme litte mei in spylkaert. Hy soe de kaert fuortstjûre en in oaren moest de flesse drank oankrije. Mar doe woarde dy oare bang en krûmde der foar om. Doe is 't net troch gong.
nl.verhalenbank.27353
Troch Skoppenboer fuort to stjûren koe men in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.22203
Yn Almelo, yn 't loazjemint, wie in âlde Westereinder. Die koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte.
Deselde dy't mei him wedzje woe, moest de flesse oankrije. De flesse kom binnensweven. Dy oare hie him oankrigen. Hie er dat net dien, dan gong de Westereinder dea.
nl.verhalenbank.25578
To Rottum, yn 'e Rotten wenne in feint, dy hiet fan Gerrit de Jong. Dy feint hie forkearing mei in boerefaem, dy wenne by in boer, in sekere Van Es.
Op in joun sit dy feint yn 'e herberch. Hy sûpt in stik of fjouwer buorrels op en dan en lit er him dêr yn 'e herberch ûntfalle dat er dyselde jouns ien fan kant meitsje mat.
Hy giet út 'e herberch wei en...
nl.verhalenbank.27623
In fornimstich man
In man, in kunstner, dief en skoaijer.
Doe ‘t ik in skoaljonge wier fen sa ‘n jier of njoggen tsien, gyng myn heit, dy yn ‘t deistich libben winterdei slachte, maertiids bargekeapman en skieppeknipper en simmerdei mier wier, wol folle to meanen mei in man, dy ‘t ek forskate ambachten ûnder de tomme hie.
Wy hiene as bern in tsjinsin yn...
nl.verhalenbank.50508
Ik wait nog n middel teegn “vrang” bie koi-en. d Oal heer nam dan n vledderstroeke, snee de schille dr of en gung de schille mit wat stroop kookn. Dat kreegn de baistn in; och ja, vai-artsen zag ie ja nich.
Wat de baistn aanbelangt. Ie kennen ja wol de honnebere of iembere; t is n stroeke mit zwaarde besn dr aan. Zai zeden vrouger: “As ie ain kou mit zo...
nl.verhalenbank.44555
Om in flesse drank to krijen moesten jy hartenboer fuortstjûre. Ien goaide de kaert bûten. Even letter kaem der dan in flesse drank. Deselde dy't de kaert fuortgoaid hie mocht de flesse net oannimme. It earste romerfol waerd fuortsmiten oer 't linker skouder. "Dêr, duvel, dat is foar dy", seinen se dan.
nl.verhalenbank.31121
Minse Griper fan 'e Boelensloane liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme, dy't moai yn gelid marsjearden. Hy liet de liuwe ek samer stean, as er dat woe. Mei skoppenboer koe er in flesse drank komme litte. Dy flesse sweefde boven de tafel.
nl.verhalenbank.24262
By de toer op 't Fean stie froeger de kroech fan Albert Boorn, dêr spoeke it altyd. Dêr gong de doar samar fansels iepen en 't joech neat hwat se der ek oan dienen. Sy lieten dêr ek troch bimiddeling fan in spylkaert in flesse drank komme.
Dat gebeurde trouwens ek yn café 'De Lauwers'.
Der wenne hjir in man, in sekere Gosling, dy hie in wikseldaelder. Dy...
nl.verhalenbank.26844
Op 'e Hearrewei dêr roan us in man, dy hie tabak by him. Twa man kommen út 'e herberch wei, dy hienen in stik yn 'e kraech en roannen mei him op. Hy helle in toppe tabak út 'e kladde, smiet dat op 'e wei en sei: Dêr, duvel.
Dat die er noch in pear kear en elke kear sei er: Dêr, duvel.
Doe kom der him ynienen in ding op 'e holle krektlyk as wie 't in...
nl.verhalenbank.12263
Alde Sibe van der Veen dy hie dronken west. Hy kom út 'e kroech. Guon hellen him op, dêr wie ús mem ek by.
Sibe hie hyltyd in pleachbeest op 'e fuotten hawn; it wie in hiele grouwe, swarte houn, dy wie net by him wei wykt.
Mem sei, it wie de duvel.
nl.verhalenbank.27233
Op in kear sieten der guon by har yn 'e kroech, dy seinen it raer op. Doe't se der út gongen woarde ien fan har samar opnom en fuortsmiten. Hy kom wer oerein. Mar doe woarde er dwars troch 't glês hinne smiten. Hy siet ûnder 't bloed, sa bot wie er skopt en slein woarn. Der hie in fremden west dy hie mei him wraksele. Dat wie de kweade. Dy hie him ek wer...
nl.verhalenbank.33534
De lju gongen froeger nei Antsje en Tryn Snipel ta as se de kaert útlein ha woenen. Antsje koe 't folle better as har dochter Thomas Klare. Dy wie 't om 't jild bigoun.
Yn 'e herberch, dy't yndertiid op Luchtenveld stie, songen se in ferske op Klare:
't Is fan Klare,
't is fan Klare,
't is de hele dei fan Klare.
Fan je he, fan je he, fan je hesasa,
alles...
nl.verhalenbank.19493
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa.
Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
nl.verhalenbank.23723
In susterke fan my rekke net goed. Sy woarde al minder en minder. Op 't lêst wienen har lippen al hielendal blau en wy moesten se hyltyd wiet meitsje. It wie neat mear.
Doe sei Aukmoai op in kear: "Sille wy us foar har nei Rottefalle nei ús Hinke-moai." (Dat wie Frânse Hinke, de duvelbanster)
Doe dêr hinne. Hinke sei, it bern wie bitsjoend. Se joech mem...
nl.verhalenbank.21646
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai.
Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst.
Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije.
Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west.
"Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein.
De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Wol men in flesse drank ha, dan mat men de flesse om 't hoekje fan 'e doar sette mei skop-penboer der by. Deselde dy't him dêr delset mei de flesse letter net oankrije. Is der net ien dy't de flesse oankrijt, dan giet dyselde dea, dy't de flesse der delset hat. De flesse komt binnens-weven. Op in kear doarst net ien de flesse oan to nimmen. Deselde dy't...
nl.verhalenbank.17445