Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
26 datasets found
Dutch Keywords: dragen Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
Hie ien op syn stjerbêd hwat oan dat men op snein naeid hie dan koe dyselde soms net stjerre. Dan die men der in knipke yn. Dan gong dyselde dea.
nl.verhalenbank.25553
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn den Helder. Der leinen twa swiere ankers by de kaserne. It iene woech sawnhûndert poun, it oare fjirtsjinhûndert. Der wie in sterke keardel, dy tilde op in kear it anker fan sawnhûndert poun op. Mar Hearke wie noch mear mâns. Dy tilde dat fan fjirtsjinhûndert poun op. Doe't er dat die, barstten him de soallen ûnder 'e...
nl.verhalenbank.20830
Yn 'e buert fan Ljouwert hat in herberch stien, dêr koenen de lju oernachtsje. Doe kom der ris in keardel yn frouljusklean, dat wie de lieder fan in roversbinde. Mar sy ha him ûntmaskere. Doe't de kastlein de saek net rjocht fortroude, smiet er syn gasten in apel ta. Deselde dy't foar in frommes trochgean moest, sloech de knibbels nei elkoar ta wylst er...
nl.verhalenbank.28716
Se pielden froeger in bulte mei duveldrek om feilich to wêzen tsjin tsjoenderij. Se hienen it oeral ûnder 'e drompels. De bern hienen it ek yn in pûdtsje op 't boarst. Ik wyt noch wol, dat ik as jonge mei oare jonges simmers nei de Liuwe-poel ta gong to baeijen. Dy jonges hienen allegear ûnder 'e klean in bantsje om 'e hals, dêr't in pûdtsje mei duveldrek...
nl.verhalenbank.33647
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld: "Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette." Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
nl.verhalenbank.28501
Hearke hat ûnder tsjinst west, mar dêr koed er min oer. Hy mocht dêr min wêze by dy soldaterije. Doe hie dêr in anker by de haven lein, dat woech 900 poun. Doe frege Hearke de overste of hij by de tsjinst wei mocht, dan soed er dat anker om 'e hiele kaserne hinne tille. "Né," sei de overste, "it spyt my wol, mar dat mei net. Mar dat anker weecht 900 poun,...
nl.verhalenbank.32764
Se hienen hjir froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompels fanwege de tsjoensters. En de bern hienen 't yn pûdtsjes op 't boarst.
nl.verhalenbank.25783
De jonges fan greate Egbert droegen altyd duveldrek op it boarst en sy hienen de himden omkeard oan.
nl.verhalenbank.21308
Op it Barrahûs achter Ljouwert kom us in kear in frou, mar it wie yn werklikheit in keardel yn frouljusklean. Doe smieten se har in apel ta en dy heinde se op wylst se de knibbels tsjin elkoar oan smiet. Doe wisten se dat it in keardel wie. Sy fortrouden him net.
nl.verhalenbank.27037
Foar pine yn 'e mûle moest men in koarste roggebrea by jin yn 'e bûse ha.
nl.verhalenbank.15633
Skoanheit en skoanmem wienen ris op in joun to praten by Jan Wopkes. Dy wenne by de Liuwepoel. Sy wienen oan Tije van der Meulen ta, doe wie dêr in frou fan 't hiem kom. 't Wie midden yn 'e nacht. Heit en mem moesten nei de Singel ta, dêr't se wennen. Doe't heit dy frou seach, sei er: "Och heden, âlde Antsje sil der wer op út." Hja hie in greate ljochte...
nl.verhalenbank.32739
Sterke Hearke hat ûnder tsjinst west yn Den Helder. Dêr hat er in anker fan 1100 poun om 'e kaserne hinne sjoud. Hy frege de kaptein of er dan frij fan 'e tsjinst mochte. Mar dat woarde him net tastien. Mar hy hat dat anker der dêrom wol om hinne sjoud. Doe binne him de soallen ûnder 'e skuon wei barst.
nl.verhalenbank.20664
Dy't op snein de neils knipt mat se letter as er dea is, wer opsykje. Dy't net stjerre kin hat klean oan dy't op snein naeid binne.
nl.verhalenbank.26349
Us mem har heit hat mei Sterke Hearke arbeide by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Hy wie frijhwat oan 'e luije kant, sei pake. As hy de keallen boarne moest, die er de amers oan 't jok, wylst er se bêst sà drage koe.
nl.verhalenbank.26997
Froeger wie sterke Hearke ek stille plysje. Der moesten wolris sinten fan Surhústerfean ôfhelle wurde en dy woarden dan yn in sek nei Ljouwert ta brocht op 'e bank. Sokke putsjes moest Hearke altyd opknappe, omt er sa sterk wie en net bang. En hy wie in earlik en fortroud man. Hy moest dan al hielendal nei Ljouwert ta rinne. Op in kear moete er ûnderweis...
nl.verhalenbank.28752
Doe't myn suster noch in bern wie hie se lêst fan tafallen. Sy foel der samar hinne. Dat wie fallende sykte. Doe sei in âld-minske tsjin ús mem: "Dû mast dûbeltsjes opskoaije en dêr mat dat fanke in ring fan ha." Doe hat ús mem fan sawn dûbeltsjes in silveren ring meitsje litten. Dy krige se om 'e finger en 't bern hat noait wer lêst fan setten hawn (de...
nl.verhalenbank.28803
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie. Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
It sil sa'n lytse tachtich jier lyn wêze, doe wie heit noch mar krekt troud. Doe moest er op in joun nei in winkeltsje ta yn 'e Smoarhoeke hjir, in smel paedtsje lâns. Doe seach er ynienen in kiste foar him. Hy wie net bang en tocht: ik wol wite hwa't dêr yn leit. Hy bûgde him foaroer om to sjen, doe wie dy kiste samar ynienen fuort. Heit roan fierder,...
nl.verhalenbank.28596
As guon klean oan hienen op har stjerbêd, dêr't op snein oan naeid wie, dan gebeurde 't wol, dat sokken net stjerre koenen. Dan moest men in knip yn dy klean dwaen.
nl.verhalenbank.19987
Yn 't Leech by Harkema hie Hearke in persiel lân yn 'e hier. Om dêr to kommen moest er in lang paed del, mar hy koe ek dwarsoer, oer de bou, dat gong folle hurder. Op in kear doe moest er in kroadefol dong nei 't lân bringe. It lange paed del wie him to fier en kroadzje oer de bou, dat gong ek net. Doe nom er de kroade fol dong en sette dy op 't skouder...
nl.verhalenbank.32769
35