Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje.
It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
Myn skoanmem wie us yn 'e buert fan 'e staetsskoalle. 't Wie op in joun. Doe seach se twa neakene berntsjes. Doe woarde se in hiel ein oan kant smiten. Dy berntsjes koenen de rêst net fine. Dy moesten dêr lâns. Myn skoanmem moest rûmte jaen. Dy berntsjes hienen gjin leedguod meikrige.
nl.verhalenbank.26229
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen.
Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk.
Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema stoar in frou. Doe krige se in deadskleed mei yn 'e kiste, dat wie ryklik lang. Nei in skoftsje kom dat minske jouns by de glêzen bûtendoar fan it hûs dêr't se yn wenne hie. En dan sei se: "To lang... to lang..."
Dat gebeurde de iene joune nei de oare.
Doe op in kear seinen se tsjin 't minske: "Skuor der dan in stik ôf." Doe...
nl.verhalenbank.32989