Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: doodskleed Place of Narration: Harkema
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje. It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
As ien op stjerren leit en der mist ien fan 'e famylje, dy't er noch graech sjen wol, dan kin dyselde net ta stjerren komme. Sa'n ien mat dan earst by de stjerrende komme. Dy seit er dan dach en dan blaest er de lêste siken út. Us beppe sei, foar it deakleed woarde altyd safolle guod bisteld. Dan gebeurde it wolris, dat de biklaeijers der in stik by wei...
nl.verhalenbank.21225
Myn skoanmem wie us yn 'e buert fan 'e staetsskoalle. 't Wie op in joun. Doe seach se twa neakene berntsjes. Doe woarde se in hiel ein oan kant smiten. Dy berntsjes koenen de rêst net fine. Dy moesten dêr lâns. Myn skoanmem moest rûmte jaen. Dy berntsjes hienen gjin leedguod meikrige.
nl.verhalenbank.26229
Piter syn mem hat faek hinnekleden naeid foar minsken dy't forstoarn wienen. Doe't Egbert Griet stoarn wie, naeide se dêr ek in hinnekleed foar. It wie in soarte fan lekken, dat om 'e hals reaun waerd. Doe wie der gjin skjirre to finen en mem biet doe de tried mar ôf. Der wie ien, dy seach dat en dy sei: "Hwat jo nou dien ha is net sa bêst. Ien dy't de...
nl.verhalenbank.16092
Der mat hjir us in frou stoarn wêze, dy krige in deakleed om, dat wie har to lang. Dêr kom se mei yn 'e kiste en yn 't graef. Mar it minske koe de rêst net krije. Sy kom út it graef wei en gong nei 't hûs fan de man en dan sei se: "'t Is to lang." Dan die se de boppedoar iepen en dêr stie se dan oerhinne. Doe sei de man op in kear: "As 't to lang is, smyt...
nl.verhalenbank.24341
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen. Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema stoar in frou. Doe krige se in deadskleed mei yn 'e kiste, dat wie ryklik lang. Nei in skoftsje kom dat minske jouns by de glêzen bûtendoar fan it hûs dêr't se yn wenne hie. En dan sei se: "To lang... to lang..." Dat gebeurde de iene joune nei de oare. Doe op in kear seinen se tsjin 't minske: "Skuor der dan in stik ôf." Doe...
nl.verhalenbank.32989
1