Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Burgumermerke stie froeger wol gauris in tinte mei in swarte spegel. It jongfolk makke der in bulte gebrûk fan. Sy koenen dêr de frou sjen, dêr't se letter mei trouwe soenen. Mar sy seagen ek wol us in deakiste. Dêrtroch wienen der èk in bulte dy't der nèt yn kommen.
nl.verhalenbank.22771
Froeger wenne der yn 'e Westerein yn Garyp, yn it hûs dêr't Taeke Wagenaar wenne hat, in man, dy wie mei de helm geboaren. Der woarde soms by him op it rút kloppe. Dan gong dy man der út en hy frege ek net hwat it wie. Even letter kom er wer yn 'e hûs. Dan sei er:
"Wy krije binnenkoart ek wer in deaden yn Garyp."
"O ja?" sei syn wiif.
"Ja," sei er, "ik...
nl.verhalenbank.21091
Doe't âlde Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, biïerdige woarde, lei der snie. Syn lyk kom yn in deafet, dat op 'e leider set woarde. Sa woarde er oer de snie nei 't hôf ta sleept. ('t Gebeurde ± 1900)
nl.verhalenbank.21786
As der ien op 'e Sumarreheide stoar, dienen de biklaeijers him in deadshimd oan, tominsten as dat der wie.
Oars krige er in lekken om, dat se sels hienen. It wie dan meastal in ôflizzerslekken. Wie it to lang, dan woarde it skuord. Noait knipt, hwant dan koenen se neat mear mei de skjirre.
Der moest net mei de tosken oan skuord wurde, oars foelen dy út....
nl.verhalenbank.21787
Sy ha ek wol sein, dat frijmitselders altyd oan har eigen kiste timmerje.
nl.verhalenbank.21349
De duvel fan Earnewâld sei, as er stoar, dan woed er in baerch foar de kiste ha.
nl.verhalenbank.20325
Beppe fortelde, dat der hie froeger in arbeider wenne oan 'e polderdyk, ûnder Aldegea, dêr't wy ek wenne ha.
Dy wie de klaei oer oan 't wurk. Doe seach er dêr yn 'e nacht syn wiif dea yn 'e kiste lizzen mei in dea popke by har. Hy is fuort nei hûs ta gong en doe't er thús kom lei syn wiif mei it popke al dea yn 'e kiste.
nl.verhalenbank.20311
Albertsje hat hjir njonken ús wenne. Har mem rekke siik. Doe't se al min wie, hearde Albertsje op in kear dat der guon mei de kiste by harren tsjin 'e muorre oan stompten. Sy hie fuort yn 'e gaten, dat dit de kiste wie fan har mem.
Doe't har mem in wike letter wei rekke, sei se tsjin 'e buorren: "Wolle jim der wol goed om tinke, dat jimme net mei de kiste...
nl.verhalenbank.20241