Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: doodshemd Narrator Gender: female
Yn Suwâld wenne in deagraver, dy hâldde der altyd bargen op nei en dy hied er samar fet. Net ien koe him bigripe hoe't er dat sa hie. Der wennen yn Suwâld lju, dy hienen in famke, dêr wienen se o sa mâl mei. Sy hienen har in hiele greate moaije poppe jown, dêr't it famke altyd mei boarte. Dat famke woarde siik en rekke dea. Sy bigroeven it bern mei de...
nl.verhalenbank.23450
In forstoarne moest net in to lang deadshimd oan ha, hwant dan koe hy der net út stappe by de wederopstanding. Dan stroffele hy. It mocht ek net to koart wêze. Yn gjin fan beide gefallen krige de deade rêst. Dan gebeurde 't wol dat er bigoun to spûkjen.
nl.verhalenbank.36879
Der hat ris in kear in brân west yn 'e Harkema. Der binne doe trije berntsjes yn 'e hûs forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet op makke. Wy wennen dêr tichteby. Tusken ús hûs en it sté dêr't dy brân wie lei in stikje heide. Dêr roannen sûnt dy brân nachts altyd dy trije lykjes om. Dy berntsjes hienen gjin deahimdsjes oankrige, dêrtroch hienen se...
nl.verhalenbank.33309
De doek dêr't it lyk mei wosken waerd moest mei yn 'e kiste. Ek dienen se wol klean mei yn 'e kiste. Ek de nuddel en tried dêr't it deadshimd mei naeid wie, kaem mei yn 'e kiste. Oer de spegel waerd in doek hong, faek in wollene skelk. De klok moest stean, dy mocht net rinne.
nl.verhalenbank.36837
Der roan froeger in feart by 't sûkerijfabryk fan Prakken lâns fan 'e Broek nei Damwâld. Dêr is in paed by lâns, dat wie doe noch allegear modder. Dêr seagen se froeger altyd twa neakene berntsjes. Dy wienen dêr bidobbe woarn sûnder dat se bierklean meikrigen hienen. 't Wie sahwat by de opslach. Dat paed hyt it Formanjapaed.
nl.verhalenbank.27446
As ien in deadshimd oankrige, moest men der om tinke, dat it net to koart wie. Oars kom de deade werom en dan spokke er.
nl.verhalenbank.38188
Heit fortelde ek, der wie in âld-minske, dat hearde jouns altyd sizzen: "To lang, to lang, to lang, to lang!" "Is it to lang?" frege 't âld-minske op in joun. "Hwat is to lang?" Doe waerd der roppen: "De himdsmouwen binne to lang!" "Nou," sei 't âld-minske, "krij dan in skjirre en knip der in stik ôf." Sy lei de skjirre op 'e tafel en doe hearde se it...
nl.verhalenbank.26175
Doe't ús mem stoar krige se in deadslekken om yn 'e kiste. Myn suster reau dat mei nuddel en tried om 'e hals hinne byelkoar. Doe't se dat dien hie, woe se mei alle geweld de nuddel mei yn 'e kiste ha.
nl.verhalenbank.27451
Deselde dy't it deadshimd naeide moest de tried net ôfbite, hwant dan foelen de tosken út. As se it hier fan 'e deade útkjimden moesten se dy kaem net wer brûke, hwant dy't dat die, dy foel it hier út. Dy kaem moest by de deade yn 'e kiste.
nl.verhalenbank.33762
As ien naeide oan in bierkleed en sy biet tafallich de tried ôf, dêr't se mei naeide, dan rotten de tosken út.
nl.verhalenbank.20905
As der in deaden weromkom, dan hellen se der in doomny by. Sa'n deaden hie dan gjin rêst. 't Gebeurde wol dat er net in deadshimd meikrige hie. Sei men 't 'onze Vader' op, dan gong sa'n ien fuort.
nl.verhalenbank.33761
Heit hat wol faek sein, dy't bigroeven woarde sûnder in deadshimd oan, dy oppenearre him letter wer. Ek hwannear't men de skûteldoek, dêr't de deade mei wosken woarde ensa net mei yn 'e kiste die, dan krige de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.28382
Dodenhemd: Vroeger, in mijn jeugd, was het nabuursplicht, dat bij een sterfgeval de twee naaste buren het lijk aflegden, respectievelijk de mannen of de vrouwen naar hun eigen geslacht. De buurvrouwen moesten het doodskleed maken, en wel van wit linnen. Er hoefden maar weinig steken genaaid te worden; het werd er met een grove steek omheen gedrapeerd. De...
nl.verhalenbank.57963
Wie der ien weirekke, dan die men it skearmes, dêr't er as lyk mei skeard wie, mei yn 'e kiste. Ek de nuddel, dêr't it deadshimd mei naeid wie, ek de skûteldoek, dêr't it lyk mei wosken wie.
nl.verhalenbank.24082
Ieder bewaarde in de linnenkast z'n eigen doodshemd. Daar moest de naald in blijven steken waarmee het hemd genaaid was.
nl.verhalenbank.46175
In Ternaard woonde in turfskipper. Alle kearen as dat skip daar lei dan kwam der in naken kiendsje achter bij 't skip op. De skipper wist niet hoe hij daar mee aan moest. Toen is hij naar doomny gaan en het hem fraagd wat dat was. De doomny kwam op it skip en dy het bidden en hy het it kiend fraagd hwerom it geen rust hat. Toen het dat kiend seid, hy had...
nl.verhalenbank.32618
35