Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Bij Voorneman of Voornderman in Epse bij Deventer moet het volgende gebeurd zijn. De knecht, bijgenaamd de Prikke, zag elken avond bij de pomp, die vóór het huis stond en waar een doornen- of beukenheg naast was, achter die heg een witte gedaante. De eerste avonden zeide hij niets, doch toen dit nog eens gebeurde, riep hij de andere huisgenooten en wees...
nl.verhalenbank.39609
Yn Suwâld wenne in deagraver, dy hâldde der altyd bargen op nei en dy hied er samar fet. Net ien koe him bigripe hoe't er dat sa hie.
Der wennen yn Suwâld lju, dy hienen in famke, dêr wienen se o sa mâl mei. Sy hienen har in hiele greate moaije poppe jown, dêr't it famke altyd mei boarte.
Dat famke woarde siik en rekke dea. Sy bigroeven it bern mei de...
nl.verhalenbank.23450
In forstoarne moest net in to lang deadshimd oan ha, hwant dan koe hy der net út stappe by de wederopstanding. Dan stroffele hy.
It mocht ek net to koart wêze. Yn gjin fan beide gefallen krige de deade rêst. Dan gebeurde 't wol dat er bigoun to spûkjen.
nl.verhalenbank.36879
As ien stoar en men joech in deade net mei, dêr't er rjocht op hie, lyk as in festje of in himd of sa, dan krige dy deade gjin rêst. Dan kom er wer en spokke.
nl.verhalenbank.23708
Der hat ris in kear in brân west yn 'e Harkema. Der binne doe trije berntsjes yn 'e hûs forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet op makke. Wy wennen dêr tichteby. Tusken ús hûs en it sté dêr't dy brân wie lei in stikje heide. Dêr roannen sûnt dy brân nachts altyd dy trije lykjes om.
Dy berntsjes hienen gjin deahimdsjes oankrige, dêrtroch hienen se...
nl.verhalenbank.33309
Achter Ljouwert yn in doarp stie in lyts plaetske. De minsken dy't dêr earst wenne hienen, matte dêr twa bern sa bistoppe ha, sûnder deadshimdsjes oan. Letter kommen dêr oare minsken to wenjen. Dat wienen gelovige lju. Beppe wenne der ek by yn. Sy hienen ek in lyts famke, dat wie in protte by beppe.
Op in kear, doe't beppe in mennich turven út 'e skuorre...
nl.verhalenbank.19626
De doek dêr't it lyk mei wosken waerd moest mei yn 'e kiste.
Ek dienen se wol klean mei yn 'e kiste. Ek de nuddel en tried dêr't it deadshimd mei naeid wie, kaem mei yn 'e kiste.
Oer de spegel waerd in doek hong, faek in wollene skelk.
De klok moest stean, dy mocht net rinne.
nl.verhalenbank.36837
Wy leinen us mei 't skip yn Kollum mei pulp.
Koarte tiid tofoaren hie de ferver fan Stiensgea, Japik Groenland, ús skip fan binnen opferve. Mar doe't wy dan in skoftsje letter yn Kollum leinen, seach myn wiif Japik Groenland op in nacht yn 'e kiste lizzen. Hy hie in great wyt ding oan. 't Wie yn 1933. Yn dy selde nacht wie Japik Groenland yn Stiensgea...
nl.verhalenbank.23750
Joeke Spoekgûler wenne to Drachten op 'e Dwarsfeart. Dy seach oerdei de spoeken foarút. Dan warskôge er de minsken dat se op dy en dy ûre net midden op 'e wei rinne moesten.
Hy seach lykstaesjes.
Hy seach ek neakene minsken. Dat wienen guon dy't gjin deaklean oan krigen hienen.
nl.verhalenbank.33219
It gebeurde hjir wol dat der nachts lytse neakene berntsjes op 't finster kloppen. Dy hienen gjin rêst, hwant sy hienen gjin bierguod meikrigen.
nl.verhalenbank.20517
Te Oosthem in de provincie Groningen aan 't Reitdiep stond een café. Ik ben der wel eens met vader heen weest. We moesten over het kerkhof. Daar liep een loop-pad overheen. Vader kocht een borreltje. Ik kreeg kwast, ik was nog maar een jongen.
Op een keer zaten er twee vrouwen - de vrouw van de kastelein en nog een andere - achter 't café. Er werd die...
nl.verhalenbank.24205
Der roan froeger in feart by 't sûkerijfabryk fan Prakken lâns fan 'e Broek nei Damwâld. Dêr is in paed by lâns, dat wie doe noch allegear modder.
Dêr seagen se froeger altyd twa neakene berntsjes.
Dy wienen dêr bidobbe woarn sûnder dat se bierklean meikrigen hienen. 't Wie sahwat by de opslach. Dat paed hyt it Formanjapaed.
nl.verhalenbank.27446
As der ien op 'e Sumarreheide stoar, dienen de biklaeijers him in deadshimd oan, tominsten as dat der wie.
Oars krige er in lekken om, dat se sels hienen. It wie dan meastal in ôflizzerslekken. Wie it to lang, dan woarde it skuord. Noait knipt, hwant dan koenen se neat mear mei de skjirre.
Der moest net mei de tosken oan skuord wurde, oars foelen dy út....
nl.verhalenbank.21787
As ien in deadshimd oankrige, moest men der om tinke, dat it net to koart wie. Oars kom de deade werom en dan spokke er.
nl.verhalenbank.38188
Heit fortelde ek, der wie in âld-minske, dat hearde jouns altyd sizzen: "To lang, to lang, to lang, to lang!"
"Is it to lang?" frege 't âld-minske op in joun.
"Hwat is to lang?"
Doe waerd der roppen: "De himdsmouwen binne to lang!"
"Nou," sei 't âld-minske, "krij dan in skjirre en knip der in stik ôf."
Sy lei de skjirre op 'e tafel en doe hearde se it...
nl.verhalenbank.26175
Doe't ús mem stoar krige se in deadslekken om yn 'e kiste. Myn suster reau dat mei nuddel en tried om 'e hals hinne byelkoar. Doe't se dat dien hie, woe se mei alle geweld de nuddel mei yn 'e kiste ha.
nl.verhalenbank.27451
It is ris gebeurd yn 'e Westerein, dat in man stoar. Doe krige er in to lang deadshimd oan. Doe koed er net rêste yn it grêf. Hy kloppe by syn folk op 'e ruten en rôp: To lang! To lang! To lang!
Dy minsken ha de doomny ophelle en dy hat mei de geest fan dy man sprutsen. Hja ha in koarter deadshimd op syn grêf dellein en doe wie 't mei 't spûkjen dien.
nl.verhalenbank.30514
Deselde dy't it deadshimd naeide moest de tried net ôfbite, hwant dan foelen de tosken út.
As se it hier fan 'e deade útkjimden moesten se dy kaem net wer brûke, hwant dy't dat die, dy foel it hier út.
Dy kaem moest by de deade yn 'e kiste.
nl.verhalenbank.33762
As ien naeide oan in bierkleed en sy biet tafallich de tried ôf, dêr't se mei naeide, dan rotten de tosken út.
nl.verhalenbank.20905
As der in deaden weromkom, dan hellen se der in doomny by. Sa'n deaden hie dan gjin rêst. 't Gebeurde wol dat er net in deadshimd meikrige hie.
Sei men 't 'onze Vader' op, dan gong sa'n ien fuort.
nl.verhalenbank.33761