Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen.
Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei.
Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
By 't Blauhûs spûke it altyd. Dêr waerd fan alles sjoen. Forskate minsken ha dêr in grouwe, swarte houn sjoen, dy roan dan mei de minsken mei. Dêr wienen se fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.37912
Twa jongkeardels woenen us in kear ien bang meitsje.
It paed gong oer 't tsjerkhôf, dêr moest dyselde lâns. Dat wisten dy jonges. Sy hienen elk in wyt lekken omslein en sa gongen se tsjin 'e tsjerkemuorre oan stean, de iene boppe op 'e oare.
Doe wie dyselde der oan kom. Hy wie stean bleaun en hie sein:
"Twa ha 'k wol gauris op elkoar sjoen, mar dêr noch...
nl.verhalenbank.24945
Der wie in boerinne, dy har man wie stoarn. Hy wie dy deis op 't hôf kom en hja woe graech selskip ha dy nachts, hwant hja fielde har net feilich allinne. Dêrom frege se de feint of dy dêr dy nachts bliuwe woe. Mar de feint woe net. Hy woe fuort, al hoe't de frou ek oandrong.
Doe't se in skoftsje allinne sitten hie, kamen der twa man by de doar. Dy fregen...
nl.verhalenbank.19969
Piter van der Kloet wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden. It wie hwat in nuvere man. Op in kear hied er nei de froulju ta west yn Greategast. Hy wie al wer by honk. Hy moest oer in barte om op it hiem to kommen. Mar midden op dy barte siet in dikke, grouwe houn. It wie in pûrfremde houn en hy seach Piter mei greate, gleone egen oan. Piter waerd bang en...
nl.verhalenbank.19846