Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Kootstertille
As wy froeger yn 'e Westerein útfanhûs wienen, seinen se: "Tink der om, dêr en dêr dat paedtsje net lâns komme, hwant dan komt der jim in famke tsjin mei in read skelkje foar." Dat fanke wie fordronken en spûke dêr letter om.
nl.verhalenbank.32669
Doe't myn beide twillinkjes, dy't dea geboaren wienen, biierdige wienen, doe sei skoanmem: "Ha se wol kleantsjes meikrigen yn 't kistje? Hwant oars komme se skielk om 'e doarren hinne om klean."
nl.verhalenbank.29705
De frou út Hoensbroek, dêr't ik it nyskes oer hie, doarst nei tolven net by 't tsjerkhôf lâns, hwant, sei se, dan spoeken de geesten dêr om.
nl.verhalenbank.32670
Yn 't Godloas tolhûs - dat wie froeger in âld húske - dêr wennen twa âlde froulju yn. De wei dêrnjonken rint fan 'e Falom nei Ikkerwâld. Dy froulju hienen aerdich hwat sinten en sy hienen ek in hiel fjild mei skiep. Om sahwat 1870 hinne ha se dy beide froulju formoarde en de sinten stellen. Sûnt spûket it dêr.
nl.verhalenbank.21592
Hjir tichteby op Mûntsjetille wenne in frou, dat wie Feikje Postma. Dy wie troud mei Albert Alma. Hja is in pear wiken lyn stoarn. Op in joun sei se: "Ik haw in spoek sjoen. 't Is in frommes. Hja rint altyd oan myn hûs ta, fan 'e feart ôf. Ik sei tsjin Albert: - Ik wol har hjir net langer ha - Doe is Albert der út gong, achter it spoek oan. Wy ha 't...
nl.verhalenbank.22309
Spûkgûlet in houn dan giet er mei koartens ien dea.
nl.verhalenbank.36763
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. Dy kiste is fan in âlde mynhear dy't op 'e Skierstins to Feanwâlden wenne hat. Salang dy kiste mei jild dêr yn 'e groun sit hat dy âlde hear gjin rêst. Hy spûket altyd om by nacht, dan rydt er op in ezel.
nl.verhalenbank.36886
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
Yn Feanwâlden wenne in âlde hear yn in stins. Doe't dy dea wie koed er de rêst net fine. Hy hie in skat yn 'e groun. Dêr ried er nachts altyd hinne.
nl.verhalenbank.36745
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske. Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del. Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea. Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
As in houn deads spûkgûlt, giet der ien dea. Dat giet altyd troch. Koartlyn is 't hjir noch gebeurd. Mar de houn mat dan echt spûkgûle. Yn Westergeast wennet myn dochter. De buorlju dêr hienen in houn. As der ien op 't hôf kom, gûlde dy houn altyd de jouns fan tofoaren. Dêr hienen de lju sa'n hekel oan, dat sy ha him forkocht.
nl.verhalenbank.21597
Ik krige op in kear twalingen. Beide berntsjes waerden dea geboaren. Doe't it hjir bikend woarde, sei in minske in eintsje fierderop: "O, ik tocht al, dêr is hjir op 'e streek hwat gebeurd, hwant ús houn hat hyltyd mar stien to spûkgûlen, mei de kop dy kant út."
nl.verhalenbank.29703
12