Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Guon kinne net stjerre as se op 't stjerbêd lizze. Dan mat men har knippen yn 'e klean dwaen, sizze se, hwant miskien ha se hwat oan dat op snein makke woarn is.
nl.verhalenbank.24275
Ik kom us op in nacht by de froulju wei út Grou. 'k Wie op 'e fyts en moest oer de spoarrails ride, dy't dwars oer de wei leinen. Dêr soaijeflikkere ik fan 'e fyts. Myn fyts stiet rjochtop yn 'e rails en ik lei oer de wereld.
't Wie ek noch heal ljocht. Ik koe de rails dúdlik ûnderskiede. Hwat hat dat nou west. In lykstaesje?
nl.verhalenbank.24267
Op it Godloas Tolhûs hat froeger in man wenne, dy neamden se Germ Godloas. Dat kom omdat er sa forskriklik flokte en die. Germ Godloas wie frij hwat siik. Der sieten twa man op in nacht by him to wekjen. Doe gongen dy beide mannen der even út. Doe't se der wer yn kommen, doe hie Germ Godloas yn 'e hoeke fan 'e keamer stien, mei de nekke omdraeid. Dat hie...
nl.verhalenbank.25542
Tichte by Wytgaerd, oan 'e oare kant it spoar stiet in boereplaets: It Barrahûs.
Dêr komt us op in joun in soldaet mei in hynder. Dy woe dêr dy nachts graech ynkertiering ha. De boer liet him der yn en sette it hynder op stâl.
In skoft letter kom dêr dyselde jouns in nachtskoaijer oan 'e doar. Dy woe dêr graech sliepe. Hy kom èk yn 'e hûs.
Doe't de...
nl.verhalenbank.24264
Yn 'e Himrik stie in woanwein, dêr wenne in man yn, dy wie mei de helm geboaren. Alle nachten moest hy der ôf en nei 't tsjerkhôf ta. Der waerd dan op 'e wein kloppe en dan sei er 'ja'.
Op in kear kom der in lykstaesje lâns by nacht. Dy koe net passeare. Hy moast mei de wein fan 't sté. Dat die er dyselde nachts.
De oare deis forstoar der ien. 't wie...
nl.verhalenbank.21019
Baggerlju út 'e keet fan 'e Himrik ha my ris forteld, in slangekoaning droech in kroantsje op 'e kop. As jy op sa'n slangekoaning trapen, dan bigoun er to piipjen. Dan kom der in leger fan slangen op je ôf. Dan moesten je hurd sjen dat jy fuortkommen, oars formoarden se jo.
nl.verhalenbank.23814
Op 'e Sweach by it Godloas Tolhek wie 't lang net plús. Dêr spoeke it. Dat wie in gefaerlik plak. Dêr is in lokomotyf mei tram omfallen. Dêr binne ek twa lju dy't dronken wienen, op 'e rails lizzen gong. Sy binne troch de tram oerriden. Dêr is in plak, dat is hielendal swart.
nl.verhalenbank.21030
Ek spûkgûlden de hounen fantofoaren.
nl.verhalenbank.21018
Jurjen Keuning wie in hiel apart man. Doe't er in skoft dea west hie, seinen se: "Jurjen is ek werom. Hy is werom kom as in protter."
nl.verhalenbank.23382
As ien frijmitseler is en hy bigjint der hwat fan to fortellen, dan giet er morgen kapût. Om 'e sawn jier mat der in frijmitseler dea.
nl.verhalenbank.23816
Biesterfeld wie in moardner. Hy wenne yn Drachten.
Dêr wienen se allegearre deabinaud foar. Doe't er op it sykbêd lei, kom de doomny by him. Dy soe foar him bidde.
"Hâld jo mar stil," sei er, "ik praet aenst wol mei de man sels."
nl.verhalenbank.23383
Egbert de Jong fan 'e Himrik wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts út. Dan gong er foar 't glês stean en dan seach er lykstaesjes.
nl.verhalenbank.25090
To Jobbegea hat in man wenne, dy koe mear as in oar. It wie in maet fan 'e duvel. Op in kear kaem er by minsken, dy hienen biggen.
"Mei 'k se wol even sjen?" frege er. Doe hy der hinne.
"Moaije biggen," sei er, "moaije biggen. Ja. Dat is my nou niks om jo dy út hannen to bringen."
In dei of hwat letter stoar de earste bigge, wer hwat letter de twadde en...
nl.verhalenbank.21022
As der nachts in houn spûkgûlde, gong der ien dea.
nl.verhalenbank.23811
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe.
Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop.
Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
Ien fan 'e Mouneein siet de markollen achternei oer it iis en is dêrby fordronken yn in wek. 't Wie op 'e Feanwâldster Wiel. Doe hat er bot jammere. Guon ha dat jammerjen dagen fan tofoaren al heard.
nl.verhalenbank.30525
Yn Terwispel wennen Jan Hakse en syn frou. Dy forlearen in bern. Fan to foaren hienen se it jeuzeljen fan it bern al heard, doe't it yn 'e deastriid wie. Sy wisten dus fan tofoaren al dat se it misse moesten.
nl.verhalenbank.21038
Op in kear kom ik let thús. 'k Rin de skuordoarren foarby. Ik tink: "Forrek, hwat is der doch yn dy âld skuorre?" Ik hearde gekreun. Doe der hinne to sjen. Der wie neat. "Eigenaerdich", tocht ik.
De mandei-to-moarns dêrop kom ik by de froulju wei. Ik hearde wèr itselde gekreun. Ik kom mei de tilbry thús. Itselde gekreun.
Doe't ik seach, lei der in koe to...
nl.verhalenbank.23808
Dit gefal ha 'k ris fan in frou heard. Ik en myn arbeider wienen op in stik lân oan 't dongjen, dat wie ûnder Boarn. Doe wie 't tiid fan kofje. Dat dronken wy by de helling op.
Doe wie dêr in skipperswyfke en dy snokte. Hja hie fortriet, dat wie skoan to fornimmen.
"Hwat skeelt der oan?" frege ik.
Doe sei se: "O, it is hjir krekt itselde. Ik haw in jonkje...
nl.verhalenbank.23809
As in houn spoekgûlt komt der in deaden op 'e pôle.
nl.verhalenbank.23389