Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: dood Narrator Gender: male Place of Narration: Oudega
As bern op bêd pisje, mat men hinnegean en set in fleske mei 't wetter fan dat bern in nachtlang by in lyk yn 'e kiste. Mei myn skoansuster fan de Pein ha se dat ek dien. Dy pisse as bern altyd op bêd. Doe rekke har pake wei. Se setten it wetter fan 't bern by him yn 'e kiste en sûnt hat se noait wer op bêd pisse.
nl.verhalenbank.12473
Der wennen in âld-feint en in âld-faem njonken ús. Dy hienen in âld-houn, dy't se al jierren hawn hienen. Op in joun seagen wy dy âld houn achter hûs sitten mei de kop nei 't oasten ta en spûkgûle dat er die, 't wie hast net om oan to hearren. In pear dagen letter rekke har buorman Jan, dy't oan 'e oastkant wenne, ûnforwacht dea.
nl.verhalenbank.15695
Op in moarn skattere der hyltyd in ekster by ús om 'e doar hinne. "O heden," sei mem, "dit bitsjut hwat. Nou is der ien stoarn yn 'e famylje." Wy laken der om en woenen der neat fan leauwe. Mar mem sei: "Jimme matte de gek der net mei ha. Tink aenst mar ris om myn sizzen. De middeis kom der in boade út Sumar (Fennema), dy't it boadskip brochte dat in...
nl.verhalenbank.15694
Der wenne to Aldegea in man, dy seach dat der ien yn 't koart stjerre soe. Hy seach de lykstaesje fan tofoaren, der roan in swart en in wyt hynder foar de wein. Syn famylje lake der om. Dat koe net, seinen se, der wie yn Aldegea net iens in wyt en in swart hynder by ien en deselde boer. Mar de oare wyks stoar der in man. Wylst er dea op ierde stie woarde...
nl.verhalenbank.15723
Us mem hat wenne op in plaets yn 't Wargeaster leechlân, dêr doogde it net. Dêr hienen se in lyts popke stikum oan kant brocht. Dat wie yn 'e stâl bidobbe. Sûnt spoeke it dêr. It gong der altyd op in pompen. Doe't mem der wie roun dêr in famke fan sa'n jier of 13 (sa lang wie 't lyn) nachts troch it bûthús. Dat bern koe de rêst net fine. It bern is letter...
nl.verhalenbank.15696
Pake fortelde, op 'e Sudersé hienen se us in feint yn in sek treaun en him oer board smiten. Dy feint wie dêr forsûpt. Mar sa faek as dy boat dêr letter lâns farde, seagen se de hân fan dy feint omheech út 'e sé wei kommen.
nl.verhalenbank.15697
As in lyk in snein oer stiet, is der binnen 6 wiken yn dyselde famylje wer in lyk.
nl.verhalenbank.12388
Sterke Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hja hat dy kant nei Jirnsum en Grou út wenne as boerefaem. Dêr hat se forkearing hawn mei in feint. Fan dy feint moest se in bern ha, mar doe liet dy feint har sitte. In pear jier letter wie 't feest yn 't doarp. Rixt wie dêr ek hinne en doe trof se dêr dy feint, dêr't se forkearing...
nl.verhalenbank.30465
Frijmetselers wienen/binne minsken dy't har oan 'e duvel forkocht ha. Se stjerre in rare dea. Men fynt se dan meastal mei de kop omdraeid. Frijmitselers ha altyd wol jild, dêr soarget de duvel foar. As se by it boun fan frijmitselers wei wolle, reitsje se dea. Se kinne der by har leven net by wei. Frijmitselers binne altyd oan 't timmerjen, se meitsje...
nl.verhalenbank.30477
Hjir hat in man wenne yn Aldegea, dy makke deakisten. As er wer in bistelling krige, dan hearde hy fan tofoaren al dat der oan it hout timmere waerd.
nl.verhalenbank.30460
Froeger leaude men hjir algemien: hwannear't der in houn spûkgûlde, kaem der in lyk. Op Smelle Ie is 't gebeurd dat der alle jounen in houn mei de kop oer 't wetter hinne stie to spûkgûlen mei de kop omheech. Fuort dêrnei kaem dêr in pream lâns farren mei in lyk der yn.
nl.verhalenbank.30452
As der in nachtûle op it skearhout siet (it skearhout is it hout, dêr't de fleugel fan 'e mêst fan in skip oan sit) dan bitsjutte dat in ramp. Meastal stoar der dan ien op it skip.
nl.verhalenbank.12383
As de ûle joun op joun op itselde plak op in hûs sit to roppen, dan komt der yn 'e omkriten in deade.
nl.verhalenbank.30453
Yn ien fan 'e polderketen dy't oan 'e Geeuw stienen wie in berntsje forstoarn. 't Wie yn 'e winter en der lei allegear iis. Hja koenen net mei 't lykje nei 't Wêst ta farre, der moest earst iis weislein wurde. Doe't se dêr mei dwaende wienen, kom âlde Martens Ale by har en dy sei: "Jimme hoege it iis der net wei to slaen. Ik ha 't al sjoen. It iis is al...
nl.verhalenbank.15589
Fan 'e frijmitselders mat der om 'e sawn jier ien dea. Dûmny Carsjens wie èk in frijmitselder, mar dy is nochal âld woarn. De frijmitselders gongen nei Snits nei 't gebou ta. Dêr kommen se by elkoar. Der wienen us timmerlju yn 't gebou. Dy moesten dêr kerweikje. Ien fan dy timmerlju makke in lyts gatsje yn 't sket. Hy woe us sjen, hwat dy hearen dêr by de...
nl.verhalenbank.12387
Hjir wennen froeger guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen nachts lykstaesjes.
nl.verhalenbank.30454
De Lange Sleatterman is in bikend spoek dat tahâldt yn 'e buert fan 'e Krúswetters. Oarspronkelik wie dat de smid fan Earnewâld. Dy smid hie in forkeard leven lein, dêrtroch koed er gjin rêst krije. Hy wie de skrik fan 'e skippers. Dy doarsten net oan wâl to lizzen by de krúswetters en se doarsten dêr nachts ek net lâns to farren. 't Wie op in kear dat...
nl.verhalenbank.30455
Der wie in man, dy wenne op 'e Harste. Dy flokte altyd bot en hy hie ûnhuer praet. Hy prûmke geregeld en sa faek er in prûmke útspuide, sei er: "Der duvel, hast èk hwat." Mar op in moarntiid hong er dea yn 'e beammen. Hy wie hielendal swart. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.15705
Der wie in skipper, dy seach elke kear as er yn 'e Potmarge kom in berntsje ta it wetter út kommen. Dat klom by it roer op en wie dan even letter wer fuort. Op in kear frege er dat berntsje, hwat it bigearde. Dat berntsje sei, it hie gjin bierklaen krige. Se hienen it neaken forsûpt. Mar yn 'e stêd, yn dy en dy strjitte soe in dame omrinne, mei in pakje...
nl.verhalenbank.15698
Frijmitselders ha in rare dead. Sy ha in forboun mei de duvel. Om 'e sawn jier mat der ien dea.
nl.verhalenbank.15700
35