Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As in houn spûkgûlde wie der binnen sa'n tiid in deaden.
nl.verhalenbank.38675
Dy't mei de helm geboaren is sjocht bigraffenissen foarút.
Sokken matte út bêd wei om se to sjen. Likele Kuipers wie ek sa'n man. Dy wist fan tofoaren as der ien stoar, seinen se. Hy wenne to Grinzer Pein oan 'e Skieding.
nl.verhalenbank.27351
Sjocht men in lykstaesje foar middernacht, dan komt der gau in deaden. Sjocht men it nei middernacht, dan kin 't noch in hiel set duorje.
Sa is 't ek mei wylde lantearnen en ek mei timmerjen ensa.
nl.verhalenbank.27354
Yn 'e Boelensloane yn 'e Poel by âlde Elske ha se ris in kear 'help' roppen heard. It is de hiting dat dêr altyd noch ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.27355
Myn wiif is sauntsjin jier jonger as ik. Sy is fan har earste man skeiden. Sy hat ris in kear nei in kaertlizter yn Grins west.
Hja sei tsjin dy kaertlizter: "Ik woe graech de takomst wite fan 't leven."
De kaertlizter hie tsien kaerten op in rige lizzen. Dêr moest myn wiif trije trijetallen fan opnimme. De tsiende bleau lizzen.
De kaertlizter kearde de...
nl.verhalenbank.27478
Jonge Jan fan 't Wytfean hat ús ris forteld, hy kom op in kear yn Droegeham, doe wie dêr in fanke mei in hiele dikke lippe. It wienen earme lju. De âlden hienen mar trije bistjes op en se hienen al hiel hwat ôfdoktere mei dy lippe.
"It bigreate my", sei Jonge Jan. "Ik sei: - Ik kin dy wol better meitsje, mar dan mast in nacht by my sliepe -"
Dat woe dat...
nl.verhalenbank.27371
Sweltsjes en sweltsjenêsten mochten noait forbanne of útroege wurde, oars gong it fé dea.
nl.verhalenbank.27365
Men mat in minske noait hwat bilove foar syn dea. Hwant kin men der net oan foldwaen dan kriget sa'n minske gjin rêst yn 't graef en spûket er om.
nl.verhalenbank.27361
As in houn bigjint to spûkgûlen kin men der mar fan op oan dat der mei koarten dêr ien forstjert.
nl.verhalenbank.27348