Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nicht fan my wie faem by Wopke Brouwer.
Hy wie in greate, grouwe keardel, dy't hiel hwat iten nei binnen sloech.
Om alve ûre krigen se waerm iten. Dan hie er it board oploege fol. Mar om ien ûre (twa ûren letter dus), wie er wèr thús, en dan moest er wèr ite.
Myn nicht sei, syn bêd wie krekt in hounenêst, sa stonk it fan dat protte iten.
Op 't lêst...
nl.verhalenbank.30129
De minsken wienen froeger bang as der in houn spûkgûlde. "Nou is der binnen koarten tiid in lyk, dat hjir passeart", seinen se. Binnen safolle tiid. Yn mem har jonge jierren leauden se dêr noch oan.
nl.verhalenbank.30117
Beppe Gjetsje waerd as kreamheinster oeral hinne roppen. Op in kear gebeurde it dat ien in lytsen krige, dy wie mei de helm geboaren. Dat wie in flues dat it bern foar 't gesicht siet. Doe hat beppe dat flues der nei achteren ta ôflutsen, net nei foaren, dêr paste se wol foar op. Oars hie 't bern letter altyd lykstaesjes yn 'e nacht sjen matten.
Doe't de...
nl.verhalenbank.30116
De Kuorfeart rint fan 'e Hijumerfeart nei de Hallumer feart. Dêr yn dy Kuorfeart hearden guon út Hijum alris 'Help!' roppen. Hja setten dêr hurd op ta. Mar doe't se dêr kamen, seinen se: "Forrek, dêr is neat."
Letter is dêr ien fordronken, in eintsje fierder op. Dy rôp ek fan 'Help!' 't Wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.30121
Us mem hie op 'e iene finger in hiele grouwe stikelwart. Tichteby wie in húshâlding, dêr forlearen se in famke. Doe't dat bern yn 't kistje lei, is ús mem dêr hinne gien en doe hat se mei de iene hân, dêr't de wart op siet dat bern in pear kear mei de stikelwart oer de holle aeid. In healjier letter foel de hiele stikelwart der út. Mem wie doe sa'n...
nl.verhalenbank.30135
Guon ha ris in frou ôfharke, dy gong oan 'e oare kant it spoar nei 't wetter ta. Hja hearden dat se sei: "De tijd is verschenen, maar de persoon is der niet." Doe is koarte tiid dêrnei, dêr tichteby, yn it Ratlân ûnder Hallum in jonge fordronken.
nl.verhalenbank.30120
Us mem fortelde, der wenne in man yn Hijum, dy wie mei de helm geboaren. Hy placht to sizzen: Der komt binnenkoart wer ien op it hôf. Hy hie de hiele lykstaesje lânskommen sjoen. Hy fortelde dan hwa't der allegear achteroan rounen, en hwer't se lâns gongen. 't Kaem altyd út.
nl.verhalenbank.30133
It gebeurde op in boerepleats, dy't tige iensum stie, wol gauris, dat dêr guon kamen to sliepen. Dat wegere dy boer eins noait.
Op in joun kaem der in frommes. De boer syn knecht fortroude it net rjocht, dy tocht: it kin wolris in keardel wêze yn frouljusklean. Dat koed er gau to witen komme. Hy helle apels op en doe smiet er dat frommes in apel ta. Dat...
nl.verhalenbank.30143
Ik wenne by 't spoar op in spultsje. Njonken my wennen minsken dy hienen in âld man by har yn 'e hûs. Dy âld man wie frijmitseler. As er mei ien fûstke stuts er mar twa fingers út.
Frijmitselers matte har persé oan bipaelde rigels hâlde. Dogge se dat, dan ha se noait gebrek oan jild.
Der waerd sein, dat de frijmitselers byelkoar kamen yn Ljouwert, yn 'e...
nl.verhalenbank.30141