Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: dood Narrator Gender: male Place of Narration: Feanwâlden
In sémearmin prebearret de manlju yn 't wetter to lokjen.
nl.verhalenbank.37740
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Mei oare katten, ek tsjoensters hâldde se nou en dan forgaderingen. Dêr woarde dan omraek by song. Hja moesten op syn minst ien minske deatsjoene yn sawn jier tiid, oars gongen se der sels oan. Hja rêdden dat altyd wol op.
nl.verhalenbank.30504
Stammerige Harm koe ek tsjoene, mar dy hie 't meast op it fé forsjoen. Dy moest men noait by it fé litte. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Dy hied er altyd by him yn 'e bûs. Hy wie frijmetseler. Frijmetselers ha altyd in wikseldaelder. Dy ha ek altyd jild. Mar ien kear draeit de duvel har de nekke om. Om de sawn jier mat der ien dea, krekt as by de...
nl.verhalenbank.30505
Sa haw ik ek alris de geast fan in geit sjoen. Myn broer hie in geit, dy wie siik. Hy helle de féarts der by. Dy sei, de geit moest ôfmakke wurde: it beest hie in geswel yn 'e kop. De geit siet yn 't hok. Ik tocht: ik lit it beest der aenst út, de bûtenloft sil him goed dwaen. Ik soe it dwaen, mar it gong my troch 't sin, ik forgeat it. Yn 'e nacht...
nl.verhalenbank.37732
Der wie ris in fékoopman, dy kaem op in freed-to-joun fan Ljouwert. Hy hie kij forkocht en hy hie gâns in knoarre jild by him. Hy roan de Godloas Singel del. Doe seach er guon oankommen, twa man. Hy tocht: Duvel, ik mei wol hwat foarsichtich wêze. Miskien is 't dy mannen om myn jild bigoun. Doe lei dêr in omkearde skou oan 'e kant yn 'e berm. Dêr krûpte...
nl.verhalenbank.30513
Trije jongemannen út 'e Finnen gongen nei de waarzegster ta. Hja sei: De iene sil bern ha. De oare sil frij feint bliuwe. De trêdde stiet op 'e swarte kaert. De lêste, dat wie Meint. 't Is krekt sa útkaem. Meint is mei gauwens stoarn. 't Gebeurde to Ljouwert op 'e merk.
nl.verhalenbank.38598
Durke Syts yn 'e Westerein wie in tsjoenster. Dy hat wol bern bitsjoend, sy hat ek wol guon deatsjoend. Doe't se stoar hong se op 't lêst ta 't bêdsté út mei de tonge in hiel ein ta de hals út.
nl.verhalenbank.30488
It is net likefolle hwat in minske seit. Kobe fan Jitse en Hindrikje sei, hja woe gjin bern ha, hwant dat wie sa fiis. Hja is der net oan ta kaem, hwant de tram hat har deajage. Je matte oppasse hwat jo sizze.
nl.verhalenbank.38605
Der wenne in man yn 'e Dokkumer Wâlden, dy forlear syn frou. Hy moest har bilove, dat hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude opnij. Doe kaem syn frou yn 'e nacht by him en gong njonken him lizzen. Dan wied er sa binaud, dan waerd er út it bêd weidreaun. Hy krige net in ogenblik rêst mear. Letter is er op 'e souder gien om dêr...
nl.verhalenbank.30515
Wiger Hoekstra wenne op 'e Streek yn Feanwâldsterwâl. Hy wie tige min, hy moest hjir wei. Syn beide buormannen wienen soun. Doe't er op syn stjerbêd lei, sei er: "Ik sjoch hjir fóár my trije lykweinen kommen." Oan 'e iene kant stoar in buorman fan him en oan 'e oare kant stoar ek in buorman. En hy sèls stoar èk. De iene gong nei Wiger ta om to sjen. Hy...
nl.verhalenbank.38565
As in houn spûkgûlt komt der in deaden. As der in protte eksters by elkoar binne komt der ek in sterfgefal.
nl.verhalenbank.38571
It is ris gebeurd yn 'e Westerein, dat in man stoar. Doe krige er in to lang deadshimd oan. Doe koed er net rêste yn it grêf. Hy kloppe by syn folk op 'e ruten en rôp: To lang! To lang! To lang! Dy minsken ha de doomny ophelle en dy hat mei de geest fan dy man sprutsen. Hja ha in koarter deadshimd op syn grêf dellein en doe wie 't mei 't spûkjen dien.
nl.verhalenbank.30514
Op dizze ein 't Suderdjip yn Grins wie it loazjemint fan van der Veen. Dêr kamen ris twa tsiiskooplju út 'e Westerein. Dy troffen elkoar dêr. Ik wie der sels ek. Dy beiden woen net foar elkoar wite hoefolle se dy deis fortsjinne hienen en hoefolle tsiis as se forkocht hienen. Doe krigen se rúzje. 't Wienen Sytse en Alle. De iene krige 't mes en stuts de...
nl.verhalenbank.30519
Bontsje Keke fan 'e Westerein wie mei de helm geboaren. Syn dochter hat har yn in dobbe fordronken. Dat moest Keke fan tofoaren sjen. En syn soan hat him ophong oan in beamke foar hûs. Dat hat er ek fan tofoaren sjoen. Mar hy koe 't net keare. Hy wist dat it gebeure moest. Wit hoe faek moest hy der nachts ôf en der út. Dan waerd er dreaun nei 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.30486
It is net likefolle hwat men seit. Kremer wie hjir direkteur fan 'e bûterfabryk. Dy krige spul mei myn broer. Doe sei er op in kear: "Als ik hem voor de auto krij, dan sal ik hem doodjage." Hy en syn wiif binne beide yn fodden jage woarn ûnder 'e trein oan 'e Loane, hjir yn Feanwâlden.
nl.verhalenbank.38597
It is yn 'e Westerein wol gebeurd dat der nachts ien oan kant set waerd, as er op in paed wie. Dan wie der in lykstaesje, dy't er net seach. Men mat noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.30487
Soms hienen de lju in krâns yn 't kessen, as se bitsjoend wienen. De fear fan sa'n krâns lei moai yn 'e rounte. Jy koenen sa'n krâns net opbarne, hy woe net barne. Soms dienen se him yn 't siedende taenwetter. Mar se koenen de krâns der net ûnder krije. As de krânse fol is, is 't bern dea.
nl.verhalenbank.38580
By de Boppewei yn 'e Westerein spokje twa famkes, mei in read doekje om 'e hals. Der wurdt forteld, dat dy beide famkes dêr formoarde binne.
nl.verhalenbank.30481
Bouke Bûnthountsje en Jehannes Tsiisrinder wienen allebeide frijmetselders. Se hienen noait jildgebrek. As jo by de frijmetselders binne, dan ha jo de kâns dat jo gau dea geane. Hwant fan 'e frijmetselers mat der elk jier ien dea. Dy wurdt formoarde troch de duvel. Dy draeit him de nekke om. Ien dy't frijmetselder is mat dat altyd bliuwe.
nl.verhalenbank.38592
By de Skilige Piip leit in heech stik lân. Dêr leit in kiste mei goud yn 'e groun. In smoarrike keardel hat dat jild dêr yn 'e groun set. Letter ha se dy keardel formoarde. En nou spûket dy dêr altyd noch om. Se ha wol prebearre dy kiste ta de groun út to krijen, mar dat woe net. Hy sakke ûnder it graven hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30509
35