Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us mem hearde ris in kear in 'geruis' yn 'e hûs. Sy wie doe al âld. Sy sei: "As it de Heare Jezus is, nim my dan mar mei, mar de bern net." Al hiel gau dêrnei krige se in biroerte en doe is se stoarn.
nl.verhalenbank.27898
Ik hie hjir in buorwiif, dat wie IJte Griet. Har man IJe dat wie in neef fan IJe Wykstra, dy't fjouwer plysjes deasketten hat. Hja wie in greate rabber en praette altyd oer in oar. En 't wie ek in greate hoer. Ik haw har ris attrapearre mei in oare keardel. Sy koe wol tsien kear om my hinne. Sy wie hjir sahwat baes. Ik mocht har net sjen.
Op in kear doe...
nl.verhalenbank.27903
Myn man syn tante dy hie in famke, dat wie bitsjoend.
Sy wennen oan 'e Skieding. Rikele Myt krige dêr de skuld fan. Sy ha alle gatten yn 'e hûs tichtmakke, alles - èk it kaeisgat. Doe ha se in panne mei spjelden oer 't fjûr set. Dy moesten siede. Doe kom de tsjoenster om 'e doar hinne. Dy raesde it út fan 'e pine.
Hja hie it famke in kear in stik brea mei...
nl.verhalenbank.27900
By de Fjouwer Roede yn Boelensloane wenne in âld frou, dy hie har man sa min bihandele. Dy man kom nei syn dea sa nou en dan wer by har. Dan bigongen de kopkes yn 't théblik to ratteljen en to skodzjen. Dan hie 't minske rêst noch dûr.
nl.verhalenbank.27892
Op 'e Like wenne in faem by rike minsken. Dy hienen in kelder, dêr sieten de skatten yn. De faem moest dy kelder skjin hâlde. Doe stiel se dêr op in kear goudguod yn dy kelder.
Ta straf woarde de keldersdoar ticht dien en doe siet se opsluten en koe se goud ite.
Mar doe ha se mei har akkoarte, sy soe wer frij krije as hja de hiele kelder fan binnen mei...
nl.verhalenbank.27894
Yn 'e Boelensloane mat it gebeurd wêze dat der twa man wienen dy't op in nacht in lykstaesje troffen wylst se midden op 'e wei roannen. Se woarden oan kant slingere. De iene kom yn 'e sleat tolânne en is fordronken. De oare hie de kleden wapperjen sjoen. - Mem hat it wol forteld.
nl.verhalenbank.27896