Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
32 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dood Place of Narration: Leeuwarden
Op in kear sieten der in stik of hwat manlju yn Beets yn 'e kroech om 'e tafel hinne. Ien fan dy mannen dat wie raren, dy sei: "Nou sil ik aenst skoppenboer fuortstjûre om in flesse drank. Ien fan jimmes mat de flesse oankrije. As er dat net docht, gean ik der oan. Hwa wol de flesse krije?" Der wie ien dy bea him oan. Doe goaide dy earste de kaert troch...
nl.verhalenbank.28471
In frou, dy't wy wol kinne - sy is ek by 't Leger des heils - dy is èk mei de helm geboaren. Frou Wiersma is it. Sy hat fan tofoaren har eigen dochter fordrinken sjoen yn it wetter to Snits
nl.verhalenbank.28476
It hat ris west, doe wie der in echo op Feanwâldsterwâl. As wy op 'e brêge stienen, bigoun it ûnder 'e brêge lûd to jaen, krekt as waerd der roppen om help. Net ien dy't bigriip hwat dat to bitsjutten hie. In skoft neitiid rieden der twa jongkeardels yn in wek. Doe koe 't iis noch net rjocht hâlde. Doe't dy fordronken (binne) hearden se 't selde geskreau...
nl.verhalenbank.28571
Oan 'e selde sédyk, èk út 'e sé wei, hienen se ek in stim heard, dy't sei: De tijd is der wel Maar de man is der niet. Dêr is doe ien fordronken. 't Wie deselde stim as de earste.
nl.verhalenbank.33583
Ik hie forkearing mei in faem yn Ljouwert. Iebel hiet se. Ik wenne doe noch yn Bûtenpost. Sy gong us nei in kaertlechster ta, hjir yn Ljouwert. Dy warskôge har foar in kammeraetske, dy't har wol us hwat ûntstiel. Dat klopte, dat wist Iebel wol. Letter ha Iebel en ik togearre nei dy kaertlechster west. Ik sei: wy ha forkearing. Doe seach it minske tige...
nl.verhalenbank.19395
By ús leaude men der fêst oan, as in houn spûkgûlde, dan bitsjutte dat, dat der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.19383
De Langesleattemer man op gyk of roer 'Der waard by ús wol ris sein: By dy en dy, de skipper waard mei de namme neamd, hat de Langsleattemer man op 'e gyk, of in oare kear: op it roer, sitten. Dat is net sa bêst, it sil wol net sa lang mear duorje! It wie in ûnheilsteken, meastal in oankundiging dat der in deade op it skip komme soe. Mar it hoegde net...
nl.verhalenbank.13697
By de Wissedwinger to Ljouwert wie 't Spoekesteechje. Dêr doogde it net, seinen se. Yn 't Spoekesteechje stie in snobberswinkeltsje. Dêr kochten wy as bern wolris snobbersguod foar in sint. Yn dat winkeltsje wenne Oud-moedertje. Dat wie in tsjoenster, seinen se. Dy fortelde 't forhael fan in berntsje - in neaken berntsje, dat by in skipper by it roer...
nl.verhalenbank.33584
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert. Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach,...
nl.verhalenbank.12210
By de Spoekerssleat Der moat in boeredochter op Koldyk wenne ha, dy hie ferkearing mei in feint, dêr mocht se net mei—óf dat dy jonge fan syn âlden net mei har mocht. Op in jûne— se sil wol hjir of der hinne west ha—doe hie se mei dy jonge praat. En dêrnei gong se allinne nei hûs ta. It wie by tsjuster, mar doe miende sy, dat se him iderkear foar har...
nl.verhalenbank.12172
De fersonken stêd Warten 'De stêd Warten dy't fergongen wie, haw ik wol ris wat oer heard. Der hat foarhinne in grut wetter by Warten lein en der waard allinne sein, dat Warten by âlds folle grutter west hat, in stêd, en dat dy yn dy mar fersonken wie. Oft it no it Wartenster Wiid wie of net, mar der waard by ús ferteld, dat der by Warten noch in plak wie...
nl.verhalenbank.13720
Myn broer Eabe Kloosterman hat yn 'e swarte spegel sjoen doe't er ûnder tsjinst wie. Doe krige er in deakiste to sjen. Hy wenne op Sânbulten.
nl.verhalenbank.19391
Volgens de geruchten spookt het in de Blokhuispoort te Leeuwarden. Er gebeuren onverklaarbare dingen. Schimmen, windvlagen, deuren die dichtvallen. Geesten van overleden gevangenen? Je weet het niet. Ook in de tijd dat de Blokhuispoort nog gebruikt werd als Huis van Bewaring, waren er al geruchten over vreemde gebeurtenissen. Vooral in nachtelijke uren....
nl.verhalenbank.49968
Heit en seun Om túelve, trettienhúnderd hanne, hiene de monniken fan Klaarkamp op it eilaun in úthaf. Der wie bieurkeree1 by en der wene dan aik in bieur. Op in keer reizige dy bieur mooi in beest nooi de fastewaal—dat kúe da nach ronende, op blaite fotten—om it dier to fekaipjen. Hy wie op 'e wieromreis en da seich2 er, dat it hele bieurespil yn 'e braun...
nl.verhalenbank.12987
Swarte Jantsje fan 't Fliet (to Ljouwert) stie us in kear yn 'e winkel. Sy moest boadskippen helje. Elkenien hie hwat in hekel oan har omdat se altyd fan dat nuvere praet hie oer liken en lykstaesjes ensa. Elkenien - de winkelman ek - hie mar leafst dat se sa gau mooglik wer fuort gong. Doe't se dêr dy moarns yn 'e winkel stie wie dêr ek in frou. Dy seach...
nl.verhalenbank.28548
Doe't myn âldste suster Wike noch in lyts famke wie, wenne se yn Lutjewoude ûnder Kollum. Der kom geregeld in âldwiif út Kollum by ús oan 'e doar mei de bolkoer. As dat wiif der west hie, koe Wike dy jouns net sliepe. Sy lei dan altyd wekker op bêd en dat woarde geandewei slimmer. Ien joech mem de rie, sy moest it holkessen mar ris iepenmeitsje. Doe siet...
nl.verhalenbank.19390
Ik wie in baeske fan njoggen jier, doe is der in smid formoarde woarn by 't Godloas Tolhek tusken de Falom en Feanwâlden. Etliken doarsten dêr by jountiid en by nacht noait wer lâns. De smid spûke dêr letter om. Hy kuijere dan altyd fan 'e hekke nei de brêge. Op in joun wienen der in pear lju, dy gongen dêr op 't brechje stean. In eintsje fierder kom in...
nl.verhalenbank.28544
Yn Feanwâlden is alris in frou stoarn. Har man gong wyks trije kearen yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta en dan stie er in skoft mei har to praten. Dat hat wol trije of fjouwer jier duorre.
nl.verhalenbank.28545
Holle ôf, holle op De ferhalen binne planteit yn it wetterlân, dat in hurdrider yn in wjek rydt en dat de holle der tsjin 'e skerpe râne fan it iis ôfsnijd wurdt en boppe it iis fierder skuilt, wylst de romp der ûnder troch sylt. Oant se yn it twadde wjek krekt wer opinoar komme en fuort oaninoar fêstfrieze. Soms sit in spûk de rider efter, soms net....
nl.verhalenbank.13670
Yn Beets makken myn skoanâlden turf. Sy hienen in lânmjitter, dy bistiel harren geregeld. As se twintich roeden makke hienen, sei hy dat se sechstjin makke hienen. Dy fjouwer roeden wienen foar de lânmjitter-sels, dy stiel er. Boppedat wienen de lju ek noch forplichte har boadskippen by him to keapjen en dêr hat er har ek skandalich mei bidragen. Doe...
nl.verhalenbank.28547
1