Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dood Place of Narration: Jistrum
As der in houn spûkgûlde yn Feanwâldsterwâl leaude men fêst dat der mei gauwens ien yn 'e buert stjerre soe.
nl.verhalenbank.37220
Yn 'e Twizeler Mieden wenne froeger Gearte Wekke. (Letter hat Jelke van der Valle yn dat hûs wenne) Wekke seach bigraffenissen fan tofoaren. Sy moest der dan nachts út. Sy koe ûnmooglik lizzen bliuwe. Soms moest se hiele einen fuort om to sjen. As se it dan sjoen hie dan sei se de oare deis soms: "Dy en dy stjert gau. Ik ha de bigraffenis sjoen. En ik haw...
nl.verhalenbank.22765
Yn Eastemar hat in fisker wenne, dat wie Hanne Foekes. Dat wie in rûch man. Dy hie 't altyd oer syn kammeraet, dat wie de boaze. Mar op in nacht hat syn kammeraet mei him ôfweefd. Sy founen him de oare deis op 'e Leijen yn 'e boat. Hy wie dea. De boaze hie him de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.22837
Eibert Veenstra syn heit wenne yn 't Wêst fan Bûtenpost. Dy moest ek altyd nei bigraffenissen sjen. Hy moest der yn 'e nacht út. En dan mocht er net op 'e wei lâns gean, mar alhiel oan 'e kant.
nl.verhalenbank.22766
Ik wie in jonkje fan fiif jier. Myn âldste suster stie dea op ierde. Hja wie mei in stok op 'e holle deaslein ûnder 't boartsjen. Doe rekke ik útfanhûs nei de Lege Mieden ta tusken Jistrum en Skûlenburch. It wie in âld hûske. Ik lei dêr op bêd, doe kom der in greate houn by my op bêd. Ik waerd sa benaud, dat ik woe nei hûs ta. Sy brochten my der hinne....
nl.verhalenbank.23121
Lammert Smeding yn Twizel hie in dochter. Dat wie doe in fanke fan sahwat in jier of tolve. Sy gong nei skoalle ta, myn frou siet by har yn 'e klasse. Doe kom se op in kear yn skoalle, doe sei se: "Us mem giet fannacht ek dea. Ik ha der fannacht ôf west en doe ha 'k har yn 'e kiste lizzen sjoen." Myn frou hat it sels heard en 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.22767
As in frou trije of fjouwer manlju hawn hat, dy't allegear by har weistoarn binne, dan hat sa'n frou in wite lever. By sa'n ien kin net in minske yn leven bliuwe.
nl.verhalenbank.22834
Der ried fan Feanwâlden nei Dokkum in hynstetram. De koetsier fan dy tram koe ûnfoarsichtich hynsteride. Hy hie de gong der altyd tige yn. De hynders roannen yn lange learene stringen. Op in kear hienen de hynders wèr, lyk as altyd, yn Moarmwâld wiksele. Hy hie krekt de gong der yn, doe kom de koetsier ta de ûntdekking dat it hynder stjerrende wie en even...
nl.verhalenbank.22818
Froeger woarde ús forteld, as men in slak dea die, dan bigoun it to tongerjen. As in houn spûkgûlde gong der ien dea. As in ekster op in pealtsje siet kom der bisite. De kant dêr't de ekster de sturt hie, fan dy kant kom de bisite wei. As in kat him wasket en hy slacht him mei de poat oer 't ear dan komme der praters.
nl.verhalenbank.33450
Der wenne yn 't Wêst fan Bûtenpost in sekere Hart Boersma. Syn mem wenne by him yn. Metsje hiet se en syn frou hiet ek fan Metsje. De jonge frou bihandele 't âld minske tige min. En de man wie ek altyd like hounsk tsjin syn mem. Doe is 't âld-minske dêr weirekke en gauachtich dêrnei stoarn. Mar doe sweefde se by Hart en Metsje om 'e doarren. Altyd wie se...
nl.verhalenbank.22833
Tsjoensters hienen de gewoante krânsen yn 'e holkessens to tsjoenen. Meastal fan bern. As der trije folle krânsen yn sieten dan wie 't bern dea. De tsjoensters koenen op in biezemstôk troch de loft fleane.
nl.verhalenbank.34499
Yn Burgumerheide wenne in omke fan my, dy wie oantroud. Hy hie twa susters. De iene suster krige in poppe. Mar dy poppe is deagong. Hwer't se 't bern brocht hat is noait ien to witen kom. Mar it bern is sûnder kleantsjes oan yn 't graef rekke. Mar alle jounen kom der in lyts neaken bern yn 't slopke, (dat wie in gonkje yn 't achterhûs, tusken twa bêdden...
nl.verhalenbank.22832
Myn famke seach op in kear by Piter Vries - dy wenne oan 'e Skûlenburchsterwei de kleden ticht foar de glêzen. It wie sa stil en sa deadsk allegear. Sy sei: "Dêr is hwat gebeurd." Twa dagen letter is der in famke fan Piter Vries troch in oanriding dea rekke. Doe kom se yn dyselde keamer to lizzen yn 'e kiste mei de kleden ticht, krekt sa't myn famke it...
nl.verhalenbank.22841
In moart komt altyd út, wurdt der sein, al sille de stiennen 't ek sizze.
nl.verhalenbank.22893
Ik haw wol ris heard, der moest altyd in swart hynder foar de lykwein rinne. As der in oar hynder foar spand woarde, dan bleau de wein stean. In oar hynder woe net lûke.
nl.verhalenbank.22939
To Koatstertille hienen de Kamminga's froeger in mostermoune. Piter Kamminga syn pake hat ris de lykstaesje sjoen fan in man dy't doe noch yn leven wie. Hy koe de minsken samar opneame dy't achter it lyk oan roannen. Koarte tiid dêrnei is dy man stoarn. Doe seach er deselde lykstaesje nochris wer.
nl.verhalenbank.33439
Yn 'e Twizeler Mieden gong us in man oer in planke, dy't oer in feart hinne lei. Doe hearde hy: "De tiid is der, mar de man is der net." Hy wie der oer. Mar fuort dêrnei rekke dêr ien by de planke del en dy is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.22828
Tichte by Sânbulten wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. It wie in âld man, dy hie dêr in krús mei. As der in sterfgefal op til wie dan krige hy dêr op de ien of oare geheimsinnige wize tynge fan. Hy wist it altyd krekt as der in bigraffenis komme soe. Dy seach er fantofoaren. Dan moest er út it bêd wei, as er woe of net en hy moest dy bigraffenis...
nl.verhalenbank.34497
Frijmitselers binne de lju dy't de plaets mei de stiennen ûlebuorden bouden. Hja moesten arbeidzje foar de duvel. Om 'e sawn jier mat der ien dea. Soks wurdt op 'e forgaderingen bisluten. Dy't ienkear by de frijmitselders is, kin der net wer by wei.
nl.verhalenbank.24492
In tsjoenster, seinen se, koe har yn in kat foroarje. Myn frou (_) kom fan Sânbulten. Dêr yn Sânbulten wenne in âld-minske dy gong foar in tsjoenster troch. Myn frou leaude dat ek. Der woarde altyd sein, as der minsken wienen dêr't hja de pik op yn hie dan wie dat foar dy minsken net bêst. As hja by sokke minsken lâns kom, dan gong hja even nei 't...
nl.verhalenbank.34492
1