Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
22 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dood Place of Narration: Broeksterwald
Japik Ingberts hie in dea bernehantsje. Dêr hied er in lampke yn baernen. Mei dat bernehantsje ljochte er op alle plakken dêr't er ynbruts.
nl.verhalenbank.18200
Tichte by ús wenne in tsjoenster. It wie ús buorfrou. Dêr stienen mar twa huzen tusken uzes en harres. Op in kear wienen heit en ik yn Holwert oan 't wurk. Doe't wy op in sneintojoun weromkamen wienen alle 32 piken fan ús dea. Dy hie dat minske deatsjoend. Ien hoantsje, dat leefde noch, mar dat gong èk dea.
nl.verhalenbank.30375
Germ Godloas wie in hiele raren ien. It wie in goddeloaze wrede keardel. Hy wie fisker en wenne oan 'e Goddeloaze Singel. Op in kear sei er: "Nou woe 'k wol, dat ik in iel fangde sa great as ik noch noait ien sjoen ha." Doe hat er sa'n iel fangd. Mar it wie de duvel. Letter ha se him yn 'e hûs foun mei de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.18189
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja hawwe altyd jild. Der wie in man, dy wie ek frijmetseler. Dy moest jild brûke. Doe hong er in koer oan 'e hoannebalke, dy soe de duvel folsmite. Mar dy man hie sa goochum west, dy hie earst de boaijem ûnder 'e koer weislein. Doe bigoun de duvel to smiten. Der kaem in hiele bult jild oer de skuorre to lizzen en de koer...
nl.verhalenbank.30406
Wy hawwe ek ris in flearehage plante. Dy woe net groeije. Dy is ek deagong. Dat wie dat minske har wurk ek.
nl.verhalenbank.30376
Yn 'e Broek wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Soms moest er midden yn 'e nacht út bêd wei. Dan gong hy der út, soms yn 'e winterkjeld om nei lykstaesjes to sjen. Letter wie dy lykstaesje der dan faek werkelik.
nl.verhalenbank.19900
Myn skoansuster Katrine wie mei de helm geboaren. Dy moest wit hoe faek nachts út bêd om in lykstaesje to sjen. Dan koe it minske net lizzen bliuwe. Dan hie se it krap. It kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.30389
Myn frou hat op ljochtskyndei op 'e Boppewei in lykstaesje sjoen. It wie in spûkbigraffenis. Letter gyng dêr in echte lykstaesje lâns. 't Wie foargedrús.
nl.verhalenbank.30388
As in houn spûkgûlt, seit men, dan leit der in joad op stjerren.
nl.verhalenbank.19901
De tsjoensters hâlde nou en dan in forgadering. Dan ha se har yn katten foroare. Dêr wurdt dan wakker by song. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea.
nl.verhalenbank.30377
Myn broer hat yn Inkhuzen wenne en is letter nei Broekerhaven forfearn. Op in jountiid soed er mei syn frou nei syn skoansuster ta to jounpraten. Hja wienen ûnderweis, doe kaem der in grouwe, swarte houn op him ta, dy luts him oan 'e bokse. De oare deis founen se de baes fan dy houn; hy wie fordronken yn in feart.
nl.verhalenbank.30371
Der leit hjir in stik lân, dat hyt: de ophang. Dat is sa oan 'e namme kom. Dêr hat in man him ophong yn in wylgebosk
nl.verhalenbank.19907
Yn Broeksterwâlde hearden se op in kear yn 't farwetter (yn 't kanael) help roppen. Doe't se der hinne gongen wie der net ien yn 't wetter. Mar letter binne der guon op dat plak fordronken. Dat wie ek foargedrús.
nl.verhalenbank.30383
De tsjoenster dy't tichte by ús wenne, wie troud. Har man wist wol dat hja tsjoene koe. Op in kear kaem der in famke by dy lju en doe sei dy tsjoenster tsjin dat famke: "Sjoch leave, hjir hast in moaije apel fan my." Mar doe sei de âld man tsjin har: "Dû jowst dat bern net in apel." Wy mochten noait hwat fan har oannimme, hwant dan woarden wy bitsjoend....
nl.verhalenbank.30380
Hjir ha in mem en in dochter wenne, dy hienen faek earmoed ûnder inoar. Doe't de mem dea wie, seach de dochter har altomets werkommen. Dat kaem fan it spul, dat se hawn hienen.
nl.verhalenbank.18197
As op it hiem de eksters skatteren, dan stoar twa of trije dagen letter dêr de man of de frou.
nl.verhalenbank.18196
Yn dyselde skuorre yn Uthuzermeden, dêr't it net doochde dêr wie yndertiid in bern formoarde woarn. It bloed fan dat bern, dat giet noch altyd by dy muorre lâns, dat kin dêr net wer wei.
nl.verhalenbank.30418
Alde Frearke Tiet wie in tsjoenster. Sy wenne yn Broek. Dêr wennen minsken, dy hienen trije bern forlern, dy wienen alle trije troch Tiet deatsjoend.
nl.verhalenbank.19908
Wy gongen froeger wol nei Grinslân ta to wjûden en to flaechsteppen. Op in kear wienen wy by in boer yn Uthuzermeden. Us mem wie der ek by. Wy moesten sliepe yn in skuorre, dêr doochde it net. Dêr wie ris ien formoarde woarn yn dy skuorre. Der wie in bipaeld plak, dêr koe net in minske lizze. Mem wist dat net, dy soe dêr lizzen gean, doe sei Karste Lamke...
nl.verhalenbank.30391
Ik seach us op in nacht op 'e greate wei in ding, dat wie sa swart as roet. 't Wie sa heech net as in folwoechsen minske. It stie stil, 't stie in bytsje oan kant. It stie oan 'e súdkant. Flak dêr by, oan 'e noardkant leinen tolwe deade minsken yn 'e berm. It is al jierren lyn dat ik dat sjoen ha. Ik ha altyd tocht: Dit is foartsjirmerij. Mar der is noait...
nl.verhalenbank.18192
1