Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei ûnder Rottefalle is ris ien formoarde woarn. De bloedplakken oan 'e muorre en op 'e doar wienen der letter noait wer wei to krijen.
nl.verhalenbank.27219
Op it Barrahûs hat Kramer wenne. Dy hat my forteld, dat de boeren koenen soldaten krije fan 'e stêd, as se har net fortrouden. Dy koenen se hiere. Sa mat in froegere boer fan 't Barrahûs ek in kear in soldaet hawn ha.
Hwant it gebeurde dat dêr ien kom, dy't se net fortrouden.
Dy persoan wie klaeid as in frommeske. Dy persoan woe dêr sliepe. Doe lieten se...
nl.verhalenbank.27224
As in houn spûkgûlde miende men dat der yn 'e buert mei gauwens in sterfgefal wêze soe. Dêr't de houn mei de kop hinne seach, dêr soe it sterfgefal wêze. Dêr loerde er hinne.
nl.verhalenbank.34528
Oan dizze kant Drachten wenne in faem by de boer, dy gong der yn 'e nacht altyd ôf. Dan gong se nei de dobbe ta om wetter to heljen en dan bigong se to dweiljen. Sy moest dan earst oer in feart hinne, dêr't in planke oer lei. Hja die 't yn 'e sliep.
Der wenne ek in feint by dy boer, dy hie syn nocht dêr fan. Hy woarde der nachts wolris wekker fan, as er...
nl.verhalenbank.27637
As wy froeger eksters om 'e doar hinne hienen, sei ús mem:
"Hè, dêr komt wer in sterfgefal tichteby." Hja wie der fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.34529
Yn Droegeham sieten us in keppeltsje manlju yn 'e herberch. Dy't it lûdste en it measte sweare doarst, dy soe in flesfol jenever ha. Dat sprutsen se mei elkoar ôf. Sjoerd woan it. Mar hy is letter yn 'e Mieden sa ôftichele woarn, troch in ûnbikenden-ien, dat hy wie alhiel sangene blau. Dat wie de duvel dy't dat die. Sjoerd is noait wer better woarn en hat...
nl.verhalenbank.15508
As de fûgels bot raesden, kaem der in deaden.
As de eksters skatteren ek.
As in spoekhoun lûd joech ek.
nl.verhalenbank.23641
Myn frou har twadde heit en dy har mem wie us yn Twizel, by lju. Doe seach se dêr ynienen in kiste stean.
In pear dagen letter stoar de man dêr. De kiste kom op itselde plak to stean dêr't se him earder sjoen hie.
nl.verhalenbank.27631
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie.
Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs.
Doe...
nl.verhalenbank.32714
Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte...
nl.verhalenbank.32715
Wy leinen us mei 't skip yn Kollum mei pulp.
Koarte tiid tofoaren hie de ferver fan Stiensgea, Japik Groenland, ús skip fan binnen opferve. Mar doe't wy dan in skoftsje letter yn Kollum leinen, seach myn wiif Japik Groenland op in nacht yn 'e kiste lizzen. Hy hie in great wyt ding oan. 't Wie yn 1933. Yn dy selde nacht wie Japik Groenland yn Stiensgea...
nl.verhalenbank.23750
Age Bruining fan Kollum hat my ris forteld: Yn Kollum wie in frou stoarn. De man bleau as widner allinne achter. In wike of seis letter yn 'e nacht woarde er wekker fan gestommel. Hy tocht: dêr is hwat.
Doe stie syn frou by de tafel. Doe hat er har nei bûten ta brocht en doe wie hja fuort gien.
Dizze minsken wennen yn 'e kloanjes to Kollum.
nl.verhalenbank.36361
Ik wie seis jier dat ús pake forstoar, dat is nou 75 jier lyn.
Beppe kaem hjir by mem yn to wenjen. Hja die altyd de doarren goed op 'e skoattels. Beppe slepte yn in bêdsté. Doe gebeurde it op in jountiid, - doe lei se al lang op bêd - dat der ien ta 't hûs yn kaem. Hoe koe dat? Hwant de skoattels sieten op 'e doarren. It wie in mantsje dat yn 'e keamer...
nl.verhalenbank.32711
Alde Meine Boetes fan Stiensgea wie mei de helm geboaren. Hy seach faek lykstaesjes fan minsken dy't letter pas stoaren.
Ik wyt noch dat er op in moarn bitiid wer ris in lykstaesje seach op 'e wei. Dat hat er doe forteld. In dei of hwat letter koe elkenien dyselde stoet sjen.
nl.verhalenbank.32710
Doe't ús heit sa'n jonge baes wie kom Gjert Frânses to forstjerren. 't Wie op in snein-to-moarn. Hy stie tsjin in beam oan to pisjen en foel dea del. Hy kaem op 't tsjerkhôf, achter de âld-tsjerke to lizzen.
Heit wenne yn dy tiid as feintsje by syn omke Jan.
Op in kear sei omke Jan tsjin heit: "Romke, jow my dy beam even." Dy beam lei njonken 't paed. Dy...
nl.verhalenbank.32712
Doe't ik achtsjin jier âld wie hie ik in broer, dy wie tige siik. Se gongen mei syn wetter nei Kûkherne ta; dêr wenne Minke doe, dat wie in dochter fan greate Wopke. Minke sei, hy wie bitsjoend. Sy koe der neat mear oan dwaen. In pear wiken letter is er stoarn.
nl.verhalenbank.32706
Doe't Boele Ytsma dea gong, doe sei er tsjin syn buorman:
"Ik gean fuort, mar oer fjouwer wiken kom ik wer."
"Dan moast by my oankomme", sei syn buorman.
Mar hy woe wol dat er dat net sein hie. Sûnt dy tiid wied er deabinaud. Mar Boele kom net wer.
nl.verhalenbank.32722
Myn wiif hat in suster hawn, dy is mar tolve en in healjier âld woarn. Doe't se al tige min wie en hast op har stjerbêd lei forstoar der hjir yn Stiensgea in famke, dat hiet fan Geeske. Dat famke koe se tige skoan.
Mar myn skoanâlden fortelden har net dat dy stoarn wie, omt se tochten dat hja har dat to bot oanlûke soe. Dat leed woenen se har bisparje....
nl.verhalenbank.32709
Us heit hat froeger boerefeint west yn Grinzer Pein. Hy slepte altyd yn 't bêdsté yn 't bûthús. Doe't er dêr ris wer in kear lei yn 'e nacht, hearde hy leven yn 'e molkenkelder. De molkenkelder wie tichteby 't bûthús. Hy hearde dat der hwat oer de stiennen skoud woarde. Heit gyng dêr ôf en sette nei de molkenkelder ta. Doe woarde dêr in kiste delset. Heit...
nl.verhalenbank.32708
Yn Surhuzum hat in âld skipper us heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. Dy stem kom út it wetter wei. In skoftsje letter rekke der in man oer board en fordronk op in plak, krekt efkes fierder as dêr't it lûd weikom. De skipper hat dit sels forteld.
nl.verhalenbank.23639