Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doomny van Velzen fan Droegeham hie in protte fijânnen trochdat hy de wiere leare forkondige. Der ha guon west, dy woenen him deameitsje. Mar hy woarde troch Us leaven Hear biskerme. Dat gebeurde sa: Op in kear ried er yn in glêzen wein. Doe soed er nei in oar plak ta to preekjen. Underweis skuort ien de doar fan 'e wein iepen en hy wol doomny in stek mei...
nl.verhalenbank.33734
Doomny van Velzen fan Droegeham leefde yn 'e tiid fan 'e ôfskieding. Hy wie ien fan 'e earste 'afgescheidenen' en in bulte lju koenen dat net sette. Hy hie gâns fijannen.
Op in kear - 't wie al let op 'e joun - doe kaem er to foet fan in forgadering werom.
Hy moest oer in brechje en dêr yn 'e bidelte hienen twa mannen har opsteld. Dy wachten him op om him...
nl.verhalenbank.37632
Klaes Wedzinga wenne op 'e Dunen yn Harkema.
Froeger leaude er nergens oan, mar dat is oars woarn troch in foarfal yn syn libben. Doe rekke er bikeard. Op in kear soed er oer in houtsje. Mar midden op it plankje, dêr stie de duvel. Klaes woe der oer, mar dat koe allinne as de duvel fan it plankje ôf gong. Doe krige Klaes syn mes en dêrmei raemde er op 'e...
nl.verhalenbank.12271
Der stie in doomny yn it doarpke A, dy moest ris op in snein nei it doarpke Z. ta to preekjen. A. en Z. leinen in hiel ein út elkoar. De doomny gong op 'e fyts dêr hinne, en der gong in âlderling mei.
Doe't se sahwat op healwei wienen, yn it doarpke K, sei de âlderling: "Ik haw hjir in âlde muoike wenjen. Dêr kinne wy wol even oanstekke om in pantsjefol...
nl.verhalenbank.33637
Yn Minnertsgea kom in nije doomny to wenjen. Al gau kommen de middenstanders op 'e pasterije tasetten om 'e gunst to freegjen. Earst de bakker. "Ik kom by jo yn tsjerke frou," sei er tsjin mefrou, "dat ik woe jo graech as klant ha."
"Nou, dat sil wol losrinne," sei mefrou, "komme jo mar oan."
Doe kom de slachter. Dy sei tsjin mefrou: "Ik haw in greate...
nl.verhalenbank.33636
Der mat in frou wenne ha op 'e Tike of sa. Dy forkocht wol bûter, mar sy hie de minsken noait it folle gewicht jown.
Sy kom to forstjerren, mar sy koe de rêst net fine. Sy kom hyltyd werom. Doe hellen de lju de dûmny derby en dy spruts har oan. Doe sei se hwat har bigearte wie. As de faem oan dy en dy minsken safolle bûter jaen woe, sûnder der sinten foar...
nl.verhalenbank.20070
Der wie ris in doomny, dy kom op hûsbisyk by hiele rûge, rouwe minsken. Hja hienen in jonge, dat wie slim sokke ûnfatsoenlike wurden as dy altyd brûkte. En flokke as in kriichshelt!
Doomny tochte, dêr mat ik dy minsken ris oer ûnderstean. Hy sei: "Dat komt sa net goed mei jimme jonge."
Doe sei syn mem: "Ik kin my net bigripe, doomny, hwer't dy bliksemse...
nl.verhalenbank.33831
Der wie in doomny dy hie in hiele dei mei in âlderling op hûsbisyk west. Der woarde ôfpraet, sy soenen mar nei in boer ta to iten, dan hoefden se earst net nei hûs ta. De boerinne die tige war op it iten, mar dat naem net wei dat de brij frijhwat sangerich wie.
Dat wie de boerinne danich yn 'e wei, mar doomny sei, dat hindere suver neat. "Zo lust ik ze...
nl.verhalenbank.33832
Der wie ris in doomny dy wenne mei syn húshâldster yn in doarp. De pasterije stie hwat achterôf.
Op in joun kom dêr in man by de doar, dy frege of er dêr dy nachts ek sliepe koe. En hy woe ek graech hwat to iten ha. De doomny wie in guodlik man. De fremde man mocht der yn komme en der woarde him iten en drinken foarset. Dat smakke him lekker.
Hja praetten...
nl.verhalenbank.36033
Der kom ris in tige jonge doomny om utens wei hjir to preekjen. Dy doomny droech in bril. 't Wie yn 'e moarn.
Doe sei ien fan 'e tsjerkeriedsleden tsjin him: "Jo ha ek al bitiid in pear gleskes op."
Doe sei doomny: "Kun je 't ruiken?"
nl.verhalenbank.33688