Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Doomny van Velzen fan Droegeham hie in protte fijânnen trochdat hy de wiere leare forkondige. Der ha guon west, dy woenen him deameitsje. Mar hy woarde troch Us leaven Hear biskerme. Dat gebeurde sa: Op in kear ried er yn in glêzen wein. Doe soed er nei in oar plak ta to preekjen. Underweis skuort ien de doar fan 'e wein iepen en hy wol doomny in stek mei...
nl.verhalenbank.33734
Scheldnamen - Legenden
Delftsche Kalverschieters, door U reeds aangehaald. De schildwacht in zijne angst schiet op den vijand, dien hij meende te zien komen: het bleek echter slechts een kalf te zijn.
Dortsche schapendieven. Ten einde de accijns te ontduiken kleedden twee boertjes een schaap als juffrouw aan, wandelden gearmd met de juffrouw door de...
nl.verhalenbank.39379
Myn heit en mem wienen ris in kear to jounpraten nei Surhuzum, dêr't in muoike fan my wenne. It wie al let doe't se weromkamen. Hja roannen by de fyts lâns, hwant hja mochten graech kuijerje en 't wie moai helder ljochtmoannewaer.
Doe seagen se allebeide Everdien der oan kommen, dat wie de dochter fan 'e doomny. Doe't hja omtrint oan har ta wie, waerd se...
nl.verhalenbank.37397
Dûmny Pekelharing hat gâns hwat jierren yn Surhústerfean stien. Op in kear kom er yn in spitkeet to Feansterheide. Dêr hienen se skjûden yn 'e stookpot en it rikke dêr hiel bot.
"Jonge, jonge, jonge", sei doomny. "Hier kan de pekelharing wel eens een bokken worden."
nl.verhalenbank.23692
Yn Egypte wenne in man, dy syn wyfke forstoar, mar nei har dea kom se alle dagen by him. Hy helle de dûmny der by, dy't har oanspruts en frege hwat se bigearde. Oan dy dûmny joech se har bigearte to witen. De man foldie oan dy bigearte en it spoekjen wie dien.
nl.verhalenbank.15731
Yn Jobbegea stie in doomny, dy hiet fan Mol. Dy wie ris in kear op in forgadering, dêr wienen in hiel soad minsken. De sael wie groatfol.
Ien fan 'e bitsjinsters kom op him ta, doe't hy der yn kom.
"Kan mijnheer er door?" frege se.
"O heden ja," sei doomny, "een mol kan door een klein gaatje."
nl.verhalenbank.33709
De verteller J. Rijkens wist nog te vertellen dat zijn grootvader kleermaker Pieter Schlukebier en wonende te 't Zandt wellicht een der laatsten is geweest die aan heksen en spoken geloofde. Hij [+was] dermate bang voor [-voor] die heksen en spoken, dat hij elke avond met een 'haarspit' naar bed ging. Hij sloeg dan met dat ijzeren voorwerp in 't rond om...
nl.verhalenbank.42682
Yn 'e Hamsterfeart leit in flauwe bocht: de Brabantse bocht. Dy namme is sà ûntstien: Doe't dy feart opnij opgroeven woarde, moest dy troch groun fan 'e tsjerke hinne.
Der stie yndertiid in doomny yn 'e Ham, dy hearde dat. Dy sei: dy feart komt net troch tsjerkegroun. Doe moesten se by dy groun lâns en sadwaende kom der in flauwe bocht yn 'e feart. Omdat...
nl.verhalenbank.28897
Der soe us op in snein in dûmny nei Himpens ta to preekjen. Dy siet yn in rydtúch en de fuorman siet foarop. De dûmny kom út 'e Wâlden en de reis gong oer Ljouwert.
Doe stie der ien to liften ûnderweis, dy woe graech mei ride. It like in fatsoenlik man sa op it eech, dat hy kom yn 'e wein. Hy koe dy dûmny wol, mar dat liet er him net skine. Hy sei: "Ik...
nl.verhalenbank.16945
De dûmny fan Garyp moest us in kear nei Wurdum ta. Rypke Paulusma, de âlde fuorman moest him yn 't rydtúch der hinne bringe. Rypke hat it my sels forteld. Doe't se oan 'e twadde Stûkloane ta wienen, woarde it hiele spul - rydtúch mei hynder en al - samar oan kant set yn 'e berm. Rypke wist net mear hwat kant er út moest en dûmny like min. Sa bot wienen dy...
nl.verhalenbank.17118
Tichte by Warffum stie in greate boereplaets, in bouplaets mei greate skuorren. Yn dy skuorren slepten de minsken dy't simmerdeis by him arbeiden. Dat wienen ek minsken út 'e Westerein en út oare plakken lyk as Harkema ensa. In hiel protte hienen har nammen dêr yn 'e sketten kerfd mei in mes. Miskien binne dy dêr nòch wol. De boer fan dy plaets hiet fan...
nl.verhalenbank.32213
Der wie us in doomny, dy moest gauris nei in oar plak ta to preekjen. Dan hâldde er meastal deselde preek. Sa hied er al trije kear preke oer de skoanmem fan Petrus, dy't mei koarts op bêd lei.
Op in kear stie er yn 'e tún. Dêr hearde hy de klok lieden.
"Wie mag daar gestorven zijn?" seit er. "Zeker niet een van mijn gemeente, dan had ik het wel geweten."...
nl.verhalenbank.23444
Der wie in dûmny, dy soe op birop preekje, ergens op in plak. Doe't se him by de tsjerke brochten, seach er, dat dat in hiel âld gammel gebou wie, dat mei peallen by elkoar hâlden woarde.
"Mat ik deryn preekje?" frege dûmny. Hy hie der net folle sin oan.
"Ja", seinen se.
Doe sei dûmny: "Harkje ris. Dêr stiet yn 'e skrift: - 's Heren goedheid kent geen...
nl.verhalenbank.21284
Ik wait nog wol, dat doomnie vrouger bie n oal mens kwam, dai zaik was. Zat n hond te janken veur t hoes. Zai zee: “Doomnie, joag dai hond toch vot; dat betaikent gain gouds”.
Doomnie wol heur van dai gedachten ofhelpen, man hai har lou (geen) kans.
nl.verhalenbank.45299
By Utrecht leit in doarpke, dêr sûpten de minsken hiel bot. Doomny preke dêr elke snein oer en dat kom dy minsken dêr to slim oan. Sy woenen him wol slite. It folk woe him oanpakke. De tsjerke gong út.
De âlderlingen seinen: "Doomny mei hjir wol bliuwe, 't komt net goed. Sy wolle doomny oanpakke."
Mar doomny sei: "Elia forsloch 50.000 man."
Hy gong fuort...
nl.verhalenbank.21723
Japik Ingberts wie in greate dief. Dy stiel alles by elkoar.
Hy hie ris wer hwat bidreaun. Doe sochten de plysjes him mei hynder en wein. Hja sochten him tusken Ljouwert en Burgum. Mar hja koenen him net fine. Doe wie dêr in man op 'e wei west, dat like in foarname hear. Hy hie in hege hoed op hawn, it like wol in doomny. Dy mynhear hâldde de plysjes oan...
nl.verhalenbank.28707
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet.
De dûmny fan Warten woe 't net leauwe.
Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
nl.verhalenbank.20398
Doomny van Velzen fan Droegeham leefde yn 'e tiid fan 'e ôfskieding. Hy wie ien fan 'e earste 'afgescheidenen' en in bulte lju koenen dat net sette. Hy hie gâns fijannen.
Op in kear - 't wie al let op 'e joun - doe kaem er to foet fan in forgadering werom.
Hy moest oer in brechje en dêr yn 'e bidelte hienen twa mannen har opsteld. Dy wachten him op om him...
nl.verhalenbank.37632
Der wie us ien dy sei tsjin dûmny: "De natuer giet boppe de leare, dûmny."
"Soa," sei dûmny, "tinkt jo dat. Nou, dan sil ik jo us hearre litte dat dat net altyd it gefal is.
Ik ha 't us meimakke, doe stie ik yn Peasens, mar ik bipreke Ljussens ek.
Sa moest ik op in kear nei Ljuessens ta to preekjen, doe wie 't wetter och sa heech. Der wie yn 'e omkriten...
nl.verhalenbank.21285
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema wie in frou stoarn. Dy hie in bierkleed omkrige yn 'e kiste, dat hie to lang west.
Doe koe dat minske de rêst net fine. En doe kom se elke joun by de famylje en dan rôp se: "To lang! To lang!"
Doe ha dy lju doomny ophelle en dy hat har oansprutsen. Doe sei se, har bierkleed wie to lang, dêr moest in stik ôf.
Doe is dêr in...
nl.verhalenbank.22968