Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: dokter Place of Narration: Houtigehage
Der wenne in féarts yn Beets, dy woarde by in boer helle. Dy boer hie in sike koe. Doe krige dy féarts syn bûslantearne en ljochte dy koe ta de hals yn. Doe sei er tsjin 'e boer: "Nou matte jo fan achteren sjen." Dat die de boer. "Sjogge jo ek hwat?" frege de féarts. "Né, neat", sei de boer. "Nou dan is de koe forstoppe."
nl.verhalenbank.28410
Bareld Pultrum fan 'e Houtigehage gong us op in kear nei Jonge Jan ta fan it Wytfean. Dat wie in kwaksalver en hy fédoktere in soad. Bareld woe him ris op 'e proef stelle. Hy woe wite hoe kundich Jonge Jan wie. Hy hie it hier fan twa soune hyns meinom en dat joech er jonge Jan oer. De hynders wienen net goed, sei er. Doe joech jonge Jan him twa doaskes...
nl.verhalenbank.28412
Der binne minsken dy wurde mei de helm geboaren. As se dy helm fan tofoaren omheech lûke en sa ôfnimme, dan sjogge sokke minsken hwat. Dy helms woarden froeger troch de dokters foar in protte jild forkocht. Guon dy't sa'n helm hienen wienen kûgelfrij. Elkenien dy't sa'n helm hat, wurdt biskerme.
nl.verhalenbank.28037
Dy't op 'e klaei de koarts krige - de klaeikoarts - koe dy allinne wer kwyt wurde, as er wer nei de klaei ta gong. Dat haw ik sels yndertiid meimakke. Wy arbeiden faek yn Emden. Mei in boatsje via Delfsyl farden wy dêrhinne. Wy wienen dêr yn 'e kost yn in streek huzen, dat hiet Lombok. Dêr roan in ringat lâns en dêr stonk it tige. Minsken fan ús kant...
nl.verhalenbank.37702
35