Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e oare heide achter Surhústerfean wenne Rikele Myt.
Dat wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
Dy kat kom jouns altyd by deselde minsken. 't Wie in dikke, grouwe kat. De man sei: "Dat sil 'k dy kat ôfleare."
Hy hie in fjouwer-tinige gripe.
Doe't de kat der wer oan kom mei syn gleone egen goaide hy ta mei de gripe en hy rekke him. De kat hie...
nl.verhalenbank.29393
De nuddel der't froeger it deakleed mei naeid woarde, kom mei yn 'e kiste, ek it skearmes en de sjippe en de doek, dêr't it lyk mei wosken wie. As de man goudene rinkjes yn 'e earen droech, kommen dy ek mei yn 'e kiste.
As men de tried ôfbieten, dan foelen de tosken fan de naeister út.
Foar pine yn 'e mûle woarde wol in spiker út in deakiste brûkt.
nl.verhalenbank.23017
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta.
It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773
Mei tongerich waer kommen der doeken oer alle blinkende dingen yn 'e hûs hinne, ek oer de spegel. En de kachel woarde oanset mei baelders. Hwant de skoarstien moest rikje.
nl.verhalenbank.33377
in tsjoenster foroare har faek yn in swarte kat. Smiet men sa'n kat mei in stik hout, dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.36959
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Wy hienen froeger ien by ús, dat wie Rikele Myt, dy koe spoekje.
Ien wie troud mei in dochter fan Myt. Dat wie in evenredige keardel, dêr't alhiel gjin kwea by siet.
Dy sei fan Myt: "Dat wiif - ik haw har it eech út 'e kop slein. Ik siet to matteweven by de spitmuorre. 'k Siet yn 'e hûs. Ik tocht: - hwat in...
nl.verhalenbank.25406
Wy wennen froeger op 'e Feansterheide.
Alde Jiske Wyts wenne flak achter ús. Dat wie in tsjoenster. Dy woe ús as bern altyd graech oanhelje, mar dat mocht net, dêr warskôge heit ús altyd foar.
Us Antsjemoai woarde siik. Der kom wol us in dikke kat by ús. Doe't dy der wer us wie, krige heit de tange en sloech him dêr mei. Doe hie dy kat in brutsene poat....
nl.verhalenbank.25212