Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Westerein wenne Sterke Dedde. Dy ried mei in tsiiswein Grinslân yn en sliepte nachts by de boeren.
Op in joun kom er wer ris by in boer.
De boer sei: "Soenen jimme ek even mei nei 't lân kinne? De bolle is út it lân brutsen en is by de melke beesten."
De boer en syn folk hienen al in pear kear prebearre de bolle dêr by wei to heljen, mar de bolle...
nl.verhalenbank.27385
Hjir wennen wol in stik of hwat tsjoensters: Minne Ael, Tsjibbe Teats, Boate Griet. En dan wenne der op 'e Sânbulten ek ien.
Hja koenen op 'e biezemstôk troch de loft ride, seinen se.
Reinde it freeds, dan wienen se oan 't pankoekbakken.
Se foroaren har yn katten en as sadanich forgaderen se yn 't greidlân. Ien kat hie de leiding.
Ienkear yn 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.27382
Frijmitselers wienen forkocht oan 'e duvel.
Alde Katrinus Ritskes wie in frijmitseler. Om 'e 7 jier moatte se ien dea meitsje. Hja kinne der noait wer by wei, hja binne foargoed yn 'e macht fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.38322
Dy't mei de helm geboaren wurde, sjogge bigraffenissen fan tofoaren. Bontsje Keke fan Kollumersweach moest ek altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen.
Mar Keke seach ek oare dingen foarút.
Tidens de oarloch hat er sjoen dat Juliana op 'e troan komme soe.
Der soe noch in forskrikkelik greate oarloch komme as Beatrix op 'e troan kaem. Dan soenen se om 'e...
nl.verhalenbank.10678