Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Er was een – een aantrekkelijke jonge dochter. Aanbidders, of vrijers zou je ook kunnen zeggen, waren er genoeg, en tot haar genoegen. Een vrijer uit de omgeving scheen toch wel haar favoriet te willen – te moeten zijn. Die jongen, die kreeg bij het ’s avonds op straat lopen en op bezoek gaan bij die boerderij, kreeg hij last met de weerwolf, dus de...
nl.verhalenbank.128733
Fan 'e sawn dochters wie ien in nachtmerje.
Fan 'e sawn soannen wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.19322
Ien fan sawn opienfolgjende dochters is in nachtmerje.
Ien fan sawn opienfolgjende soannen is in wearwolf.
nl.verhalenbank.19694
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Ien fan sawn soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.24107
Fan sawn famkes is de middelste in nachtmerje,
fan sawn jonges is de middelste in wjerwolf.
nl.verhalenbank.32919
By sawn jonges yn ien húshâlding is in wjerwolf.
By sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje.
nl.verhalenbank.36417
Nachtmerjes kinne moai sjonge, fral as se oer 't wetter farre. Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Binne der sawn opelkoarfolgjende jonges, dan is der in wjerwolf by.
nl.verhalenbank.20337
Durk Laurens wie stuolwynder. Hy kom fan Boelensloane. Hy hie galanteryën ensa to keap. Dy kom wol by ús yn 'e Tynje. Dy fortelde ús, fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters wie ien in nachtmerje. Dy koe troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs komme.
Fan 'e sawn jonges wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23800
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Ien fan sawn soannen is in wjerwolf.
In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De minsken gongen hinne en stoppen 't kaeisgat ticht. De kaei waerd yn in fodtsje rolle en yn 't tafelslaed dien.
De toffels kamen omkeard foar 't bêd to stean.
nl.verhalenbank.36574
Fan sawn jonges yn in húshâlding, mits se op elkoar folgje, is ien in wjerwolf. Fan 'e sawn famkes is ien in wjerwolvin.
In wjerwolf is in manspersoan. Dy mat sa nou en dan hwat toroppe of ien deameitsje. In wjerwolf, dêr binne se noait by fortroud.
In wjerwolvin wie in mannehater.
De wjerwolf en de wjerwolvin koenen troch de allerlytste gatsjes by de...
nl.verhalenbank.27267
Ien fan 'e sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje, ien fan 'e sawn soannen in wjerwolf.
In nachtmerje, sizze se wol, is in soart dier, dat de minsken nachts op bêd pleaget. Froeger dienen se duveldrek ûnder 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen.
In wjerwolf is ek in soart dier.
nl.verhalenbank.21411
In nachtmerje is in frommeske. Ien fan sawn susters.
Binne der sawn jonges, dan is ien in wolfmerje.
By Epema yn 'e Westerein wienen acht jonges. Dêr wie in wolfmerje tusken.
In nachtmerje giet der nachts op út. Dan giet se by oare minsken troch 't kaeisgat en dan pleaget se sokke minsken. Dy krije 't dan hiel binaud.
nl.verhalenbank.25835
In nachtmerje krijt jin mei de beide hannen by 't boarst beet. Ik ha faek ien by my hawn. Men mat de klompen omkeard foar 't bêd sette, dan komme se net, wurdt der sein.
Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje.
Fan 'e sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
In wearwolf mat hwat forskuorre. In wearwolf kin troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.33138
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in tsjoenster.
Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
In wjerwolf is in soart pleachbeest yn minske-gedaente.
't Is in hantlanger fan 'e duvel. Hy forskuort alles.
nl.verhalenbank.25570