Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: dik Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
Alle Tet (de frou fan Alle Wagenaar) dat wie yn myn egen de iennige echte tsjoenster fan 'e Heide. Op in kear stie der in hiel great grou skiep mei de kop tsjin it tek oan fan Alle Tet yn dy's hûs. Harm Schievink syn wiif seach dat en sei tsjin Tet har soan: "Ha jim sa'n dik skiep krige?" "Welné", sei dy. Doe wist it minske genôch. "Ik ha krekt ien...
nl.verhalenbank.16826
Yn 'e Hamsterheide gebeurde it, dat in heit en in soan oan it braekjen wienen. Doe kom dêr in kat by har, dy wie wol twa kear sa dik as in gewoanenien. De heit krige in stok en sloech it beest sa bot, dat it bleau foar dea lizzen. De frou rôp de beide manlju yn 'e hûs om to kofjedrinken. Doe't se in setsje letter wer yn it braekhok kommen, wie de kat...
nl.verhalenbank.21251
Ruerd van der Veen to Harkema lei soms achter 't fé mei in nekke sa dik as in pot. Dan hied er mei de duvel fochten. Op in kear kom der in buorman by him oan 'e doar. "Hwer is Ruerd?" frege er it wiif. "Dy slacht achter mei de duvel om", antwurde se.
nl.verhalenbank.15535
Tichte by 't Blauhûs wie in skeanpaed. Dat kom út op 'e wei nei 't Fean ta. Op dat skeanpaed spoeke it altyd bot. Dêr roan yndertiid altyd in arbeider lâns, dy't nei de boer ta moest. Hy wie net bang útfallen. Mar doe gebeurde it in kear of hwat doe moete er dêr in pleachbeest. Der kom in dikke swarte houn achter him oan. Dy roan dan wer oan 'e iene kant...
nl.verhalenbank.25518
Sterke Hearke hie spieren ûnder 'e pols, sa dik as in finger.
nl.verhalenbank.26167
Yn 'e flaeikloppe sieten gatten. Dy sloegen wol us út, dan wienen se neat mear wurdich. Hearke die der in kerfke yn, oan elke kant ien en dan bruts hy se foar de knibbels.
nl.verhalenbank.20852
Sikke Hoeksma ^ wenne op Mûntsjetille oan it Knjillisdjip, tichte by de Bûtenpostumer Mieden. Myn swager, Douwe Wedzinga, wenne der tichte by. Saterdeijounen gongen se faek togearre nei Twizel ta, nei de kroech. Dan rounen se de âld dyk del. Dêr yn Twizel seagen se net op ien. Sy kommen der faek dronken wei. Sa wie 't ek wer ris in kear it gefal, doe...
nl.verhalenbank.28611
In pleachbeest makket it de minsken lestich. Mar as men in pleachbeest treft, dan mat men hinnegean en jow sa'n beest in stikje roggebrea. Dan docht it jin neat en lit jin gewurde. Sa'n beest mat hwat ha to iten. Sa'n pleachbeeÄ lang dier, helte greater en grouwer as in gewoane houn, mei greate egen en earen. It giet fuotsje foar fuotsje.
nl.verhalenbank.16872
By de dikke beam yn 'e Harkema is ris ien formoarde woarn. Froeger roannen dêr paden lâns skean oer 't lân. Nachts siet dêr by dy beam altyd in hiel âld-minske. Dat wie deselde dy't se dêr formoarde ha. Hja spûke letter.
nl.verhalenbank.26235
Op Koatstertille spûke in dikke swarte houn by nacht, seinen se altyd.
nl.verhalenbank.32635
Bôkke Noordman wie noch feint. Hy wie tige oan 'e drank. Op in kear gong er fan 'e Harkema nei Surhústerfean to skearen. Werom gong er by âlde Durk Lútsens oan. Dy wie skuonmakker. Dy hie syn skuon yn reparaesje. "Kom," sei er, "tusken tolven en ienen dan is alles op de bienen." Doe kom er oan Willem Hofstede ta, dêr lei in skeane tippe groun. Doe't er...
nl.verhalenbank.22193
35