Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It wie op in saterdeijoun, by de Doezumer Tocht (in wetter). Heit (Thomas Bruining) en dy soenen to praten. Doe hearden se ynienen in stim út it wetter: "De tijd is der al, de man is der niet." Trije kear achter elkoar hearden se dat en it klonk hiel helder. Heit en dy tochten har binaud. Doe kom der in man oanfleanen yn in seas mei in hynder der foar. Dy...
nl.verhalenbank.17643
By 't Spoekereedtsje oan 'e Folgerster loane spoeke altyd in dikke houn.
nl.verhalenbank.25257
Us folk wenne op 'e Houtigehage. Ik wie sa'n acht jier âld.
Ritske van der Meer kom wolris by ús om in jounpraetsje. Dan hienen se 't meastal oer spûkjen. Ik wyt noch, dat Ritske ris in kear fortelde:
"Ik hie in kear fuort west en ik stapte op hûs yn. Doe kom der in dikke houn njonken my lâns. Ik seach nei him, en ik liet him stil gewurde. Mar doe wie 't...
nl.verhalenbank.25327
Us heit wie net gau bang.
Op in kear wie der mei de kroade om kunstmest west nei 't Fean. Myn âldste broer wie by him. 't Wie al tsjuster doe't se werom gongen. Doe't se wienen op it eintsje fan 't Blauhûs nei de Boelensloane rêstten se even út en gongen op 'e kroade sitten. Doe sei myn broer: "Sjoch heit, dêr komt hwat oan."
"Wy bliuwe sitten," sei heit,...
nl.verhalenbank.24382
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, wie froeger in paed mei houtsjes. Dêr spûke it altyd.
In soad minsken ha dêr hwat sjoen. Dêr kom samar in hiele greate man út 'e sleat wei stappen mei wol sokke egen yn 'e holle (as thékopkes). Dy roan gewoan mei de minsken op en dan wie er ek samar ynienen wer wei. Ek wolris dat der in baerch mei har...
nl.verhalenbank.24903
Doe't ik tsien jier âld wie siet âlde Gjerrit Bargerbos us by ús to praten op in joun. Ik lei achter de bêdsdoarren. Mar ik wyt noch dat er sei: "'k Soe op in jountiid noch hwat wetter út 'e put helje, doe kom der in dikke kat op my yn, dy roan op 'e achterste poaten. Hy wie sa great wol as in flinke houn en hy joech my in klap mei syn sturt om 't kût...
nl.verhalenbank.24901
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede.
Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer.
"Hwat nou?" sei 'k.
"Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat."
Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen.
Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet.
"It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
Healwei Boelensloane en Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn, dy roan deun by de minsken lâns. It wie in pleachbeest
nl.verhalenbank.17666